Harry Potter: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Curious (oerlis | bydragen)
Rigel 8:
=== ''1. [[Harry Potter and the Philosopher's Stone]]'' ([[1997]]) ===
 
(''Harry Potter and the Sorcerer's Stone'' yn de [[Feriene Steaten fan Amearika|Feriene Steaten]]) Dit boek is [[#Fryske oersetting|oerset nei it Frysk]] mei as titel ''Harry Potter en de stien fan 'e wizen''.''
 
As der in brief brocht wurdt foar de ûngelokkige Harry Potter, komt er achter in tsien jier âld geheim. Syn âlden wienen tsjoenders en waarden fermoarde troch de flok fan in Tsjustere Hear.
Rigel 18:
Harry Potter is in deagewoane, mar ûngelokkige jonge dy't sûnt de dea fan syn âlders by syn drûge en smoarge omke en muoike wennet, yn 'e biezemkas ûnder de trep. Op in dei krijt er in geheimsinnige slûf. En dêrnei noch ien en noch ien. De brieveslûven feroarje Harry's hiele libben: er wurdt rêde troch in woastling op in motorfyts en er komt derêfter wa syn ferûngelokke âlders wienen. Mei in bysûndere trein dy't ôfreizget fan perron 9 ¾, bedarret er op [[Swiniastate]]s Hegeskoalle foar Tsjoenderij en Hokus-Pokus, dêr't er tige folle dinge learret oer biezemfleanen, magyske dranken en meunsters. Úteinlik moat Harry it opnimmen tsjin syn aartsfijân Voldemort, in libbensgefaarlike tsjoender.<ref>Fan hjir oant it sânde boek de oersette omslachteksten fan 'e [[Nederlânsk]]e ferzjes fan 'e boekerige.</ref>
 
=== ''2. [[Harry Potter and the Chamber of Secrets]]'' ([[1998]])'' ===
 
[[Ofbyld:Hogwarts1.jpg|thumb|Miniatuer fan Swiniastate]]
Rigel 24:
tige, tige bysûnder deiboek....
 
=== ''3. [[Harry Potter and the Prisoner of Azkaban]]'' ([[1999]])'' ===
 
Foar't Harry Potter oan syn tredde skoaljier op [[Swiniastate]]s Hegeskoalle foar Tsjoenderij en Hokus-Pokus begjint, moat er de simmerfakânsje trochbringe by syn gemiene omke en muoike. Troch in magysk ûngelokje komt er ynienen op 'e lette jûn op strjitte te stean. Dan blykt dat '''Sirius Black'''<ref>[roudrukte wurden binne Ingelske termen dy't noch net troch [[Jetske Bilker]] oerset binne, mooglik is der wol in Fryske oersetting fan de nammen. Sjoch ek it oerlis.</ref>, in freze tsjinner fan Dowitstwol, út 'e finzenis fan Azkaban ûntkommen is. Hy is op 'e flecht en hat miskien 'e mint op Harry. der folgt in boeiend skoaljier mei nije skoalfakken lykas migelkunde en soarch foar fabeldieren, spannende swurkbalwedstriide en aaklike foarsizzings. De skoalle wurdt beweite troch '''Dementors''', de freze beweitsers fan '''Azkaban''', mar Harry sil syn leksums Ferdigening tsjin 'e tsjustere krêften hurd nedich wêze...
 
=== ''4. [[Harry Potter and the Goblet of Fire]]'' ([[2000]])'' ===
 
Lykas elts jier bringt Harry Potter de simmerfakânsje troch by syn ôfgryslike omke en muoike, dêr't 'e sfear dit jier ekstra minne is, troch't harren bedoarne jonkje Melle Mûzema op dieet is. Harry kin dan ek net wachtsje oant er wer werom gean meit nei [[Swiniastate]]s Hegeskoalle foar Tsjoenderij en Hokus-Pokus, om oan syn fjirde skoaljier te begjinnen. Mar foar't it safier is, wurdt er troch 'e '''Weasley'''-famylje op spektakulêre mêd ophelle by de Mûzema's, om mei te gean nei de finale fan it wrâldkampioenskip swurkbal! Harry wit dan noch net dat der dat jier op [[Swiniastate]] in nóch grutter en spannender evenemint plakfine sil, wêrby't ek learlinge fan oare, bûtenlânske toverskoallen fertsjintwurdige wêze sille. Nettsjinsteande alle opwining en magyske barren besykt er him dochs op syn leksums te konsintrearjen. Yntusken binne der ferskate tekens dy't oanjouwe dat Voldemort, mei behelp fan tsjustere tsjoenders, wer oan krêfte begjint te winnen. De eangst dat Hy Dy Net Neamd Wurde Meit opnij taslean sil, wurdt hieltyd grutter...
 
=== ''5. [[Harry Potter and the Order of the Phoenix]]'' ([[2003]])'' ===
[[Ofbyld:5972 Coney Green.jpg|thumb|Trein dy't yn 'e films brûkt wurdt en dêr't Harry Potter yn ôfreizget nei Swiniastate'']]
 
Harry's ferplichte simmerfakânsje by omke '''Vernon''' en muoike '''Petunia''' yn 'e '''Privet Drive''' is dit jier noch dreger as foarrige jierren: net allinnich wurdt er troch 'e Mûzema's wer âlderferskuorrendst behanneld, ek syn bêste freonen lyken him dizze simmer hielgear te negearjen. Harry fynt dat er eat dwaan moat, makket net út wat, om sa rap mooglik weromkeare te kinnen nei [[Swiniastate]]s Hegeskoalle foar Tsjoenderij en Hokus-Pokus. Mar dan krijt 'e fakânsje lykwols in ûnferwacht ein en it wurdt sels ûnwis of Harry noch wol oan syn fyfte skoaljier op [[Swiniastate]] begjinne meit. Nuvere barren steapelje harren op en Harry docht ûntdekkings dy't it him ûnmooglik meitsje rêstich te bliuwen...
 
=== ''6. [[Harry Potter and the Half-Blood Prince]]'' ([[2005]])'' ===
 
It lân wurdt ûntheistere troch nuvere rampen en oanslagen, en hoewol't it heechsimmer is, hinget der in stiiffêste, driigjende mist. Yn 'e '''Privet Drive''' sit Harry Potter let yn 'e jûn ûnpasjintich op 'e komst fan professor '''Dumbledore''' te wachtsjen. Wat kin der sa wichtich wêze dat '''Dumbledore''' him by de Mûzema's opsykje komt en dat net wachtsje kin oant Harry's weromkear nei [[Swiniastate]]? Soe it eat te krijen haw mei de âlde profesy dy't Harry oan it ein fan syn fyfte skoaljier heard hat? Harry's seisde jier op [[Swiniastate]] begjint ûngewoan, as Voldemort opnij oan krêfte winnet en 'e wrâlden fan migels en tsjoenders harren hieltyd mear mei inoar fermingje...
 
=== ''7. [[Harry Potter and the Deathly Hallows]]'' ([[2007]])'' ===
 
De simmerfakânsje is foarby, mar Harry Potter keart dit jier net werom nei [[Swiniastate]]. Er stiet foar 'e gefaarlike en hast ûnmooglike opjêfte fan '''Dumbledore''': de oerbleaune '''Horcruxes''' opspoare en ferneatigje. Sil hy dêryn slagge?