Runen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 3:
'''Runen''' (of it ''runeskrift'') is it âldst-bekende [[skrift]] dat yn Germaanske lannen brûkt waard; it bestiet út letters fan rjochte en hoekige linen dy't maklik yn stien of hout skrast wurde kinne. Nei de earste seis letters hjit it ek wol ''futhork''.
 
== HistoryskHistoarysk ==
Rune-ynskripsjes binne bekend fan sa. [[3e iuw|200]] oant [[13e iuw|1200]] nei Kristus, en yn [[Skandinaavje]] noch in pear iuwen langer. Hjirnei ferlear it skrift stadichoan de konkurrinsjestriid mei it [[Latynske alfabet]]. It skrift waard benammen foar [[ynskripsje]]s op wapens, deiske korrespondinsje, grêfstiennen, ensfh., brûkt. Yn hast alle gebieten dêr't Germaanske folken (wêrûnder de [[Wytsingen]]) west hawwe, kinne rune-ynskripsjes oantroffen wurde.