Suderie: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Theun (oerlis | bydragen)
iezumasyl, de dongeradielen
Suder Ie en Suderie binne yn inoar skood
Rigel 1:
De '''Súderie''' ek wol '''Súd Ie''' neamt is in wetter yn de gemeente [[Dongeradiel]].
 
De Súderie rint fan [[Dokkum]] oan't de seeslûs by [[Iezumasyl]] der't er yn it [[Lauwersmar]] útkomt. De [[Jaarlasleat]] foarmet de ferbining mei de [[Peazens (wetter)|Peazens]], hoewol hjir wol in keardaam oanlein is by [[Wetsens]]. De [[Lauwersseewei]] rint tusken Dokkum en [[Mitselwier]] flak lâns de Súderie. By it oanlizzen fan dizze provinsjale wei binne ferskeidene bochten yn de Súderie ôfsnijd.<br>
 
De [[Dokkumer Ie]] bestie oarspronklik út twa rivierkes, de [[Noarder Ie]] en de Suder Ie. Beide rivierkes binne yn de [[13e ieu]] troch in grêft mei inoar ferbûn tusken [[Tergreft]] oant [[Burdaard]].
Fan de Súderie rinne ferskeidene opfearten nei de folgjende doarpen: [[Eastrum]], Mitselwier, [[Moarre]], [[Ie]] en [[Eanjum]].
 
By Iezumasyl stiet it gemaal [[De Dongeradielen (gemaal)|De Dongeradielen]] dy't it wetter út de Suderie yn it Lauwersmar pompt. Ek kinne hjir boaten troch de skutslús fanút it Lauwersmar op de Suderie komme.
 
Yn de folksmûle waard de Suder Ie ek wol ""Hurdridersgrêft' neamd, fanwege de riderijen dy't dêr hâlden waarden yn de [[19e ieu]]
 
 
[[Kategory:Wetter yn Fryslân]]