Skientmewedstryd: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L [[]]
L missferkiezing moat sûnder keppelstreekje, sa docht bliken
Rigel 2:
In '''skientmewedstryd''' is in barren wêrby't de dielnimmers fral (mar net útslutend) wediverje om 'e fraach wa fan harren oft it [[skientme|kreast]] is. Bykommende (mar ûndergeskikte) oandacht wurdt skonken oan persoanlikheid, yntelliginsje, talinten en de antwurden dy't jûn wurde op beskate fragen. De úteinlike winner(esse) wurdt yn 'e measte gefallen oanwiisd troch in faksjuery.
 
Dielnimmers oan skientmewedstriden binne oer it algemien froulju of famkes; hoewol't der wol deeglik soartgelikense eveneminten foar manlju besteane, wurde dy ornaris oars beneamd (meast as [[fitness]]- of [[bodybuilding]]wedstriden). Faak wurde skientmewedstriden foar froulju mei in lienwurd út it [[Ingelsk]] oantsjut as '''miss-ferkiezingsmissferkiezings''', en wurdt de winneresse "Miss ..." neamd (bgl. Miss Fryslân, Miss Feriene Steaten of Miss Wrâld). Skientmewedstriden foar manlju wurde yn it ferlingde dêrfan inkeld ek wol '''mister-ferkiezingsmisterferkiezings''' neamd. Der besteane tsjintwurdich ek skientmewedstriden foar jonge bern, dy't popularisearre binne troch de [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[realitytillefyzje]]searje ''Toddlers and Tiaras'' ("Pjutten en Tiara's").
 
De winneresse fan in skientmewedstryd wurdt gauris oantsjut as in '''skientmekeninginne'''. Sokken wurde almeast kroane mei in [[tiara]] en krije in [[sjerp (bân)|sjerp]] om hongen mei dêrop de namme fan 'e skientmewedstryd. De ierst bekende skientmewedstryd waard holden yn [[Ingelân]], yn [[1839]], ûnder it [[Toernoai fan Eglinton]] (in neispile [[Midsiuwen|Midsiuwsk]] [[ridder]][[toernoai]]), doe't [[Georgiana Seymour, hartoginne fan Somerset]] útroppen waard ta de ''Queen of Beauty''.