Piet van der Hem: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
plaatsje
Rigel 1:
'''Piet van der Hem''' ([[Wurdum]], [[9 septimber]] [[1885]] - [[De Haach]], [[24 april]] [[1961]]) wie in [[keunstskilder]], [[tekener]] en [[boekbân]]ûntwerper.
[[Ofbyld:Portret van Henri van Abbe door Piet van der Hem, 1929, Bestanddeelnr 255-8430.jpg|thumb|Portret fan [[Henri van Abbe]] troch Piet van de Hem, 1929]]
 
Hy folge in tekenoplieding oan de [[Ryksakademy foar Byldzjende Keunsten]] yn [[Amsterdam]]. Fan medio 1907 oant 1908 waard hy troch in keninklike sybsydzje by steat steld in jier op [[Montmartre]] yn [[Parys]] te wennen en te studearjen. Dêrnei gie er werom nei Amsterdam.<br>
Om 1910 hinne debutearre hy mei ferrassende tafrielen út it mondêne en Bohemien-libben, nachtkroegen, bars en, kabarets mei skilderingenfan bollefjochtsjen, yllustratyf nei opfetting, smaakvol en modern yn de ljochte kleur, realistysk en faak fel sarkastysk; wie doe mei Jan Sluyters, Leo Gestel en George Hogerwaard ien fan de meast talintfolle keunstskilders. Van der Hem ûndergie de ynfloed fan Paryske keunstners, mar joech in persoanlike foarm, yn wêzen mear skildereftich. De beloften fan syn jeugd binne net goed útkomd mar hy waard in treflik portretskilder mei wurken fan minister Cort van der Linden (1913), keningin Wilhelmina, prins Hendrik en Baron P.A.V. van Harinxma thoe Slooten.