Kinsjasa: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
L Kopke skiednis
Rigel 25:
[[Ofbyld:DCongoKinshasa.png|thumb|Lizzing stedsprovinsje Kinsjasa yn Kongo]]
'''Kinsjasa''', earder '''Leopoldstêd''', is de [[haadstêd]] en grutste stêd fan de [[Demokratyske Republyk Kongo]]. Mei in befolking fan sa'n 7,5 miljoen is it ek ien fan de grutste stêden fan [[Afrika]] besuden de [[Sahara]]. It is in stêd fan grutte kontrasten mei sjike wenwiken, kommersjele wiken, twa universiteiten en syn útwreidzjende krottewiken neist elkoar.
Kinsjasa leit oan de súdigge fan de rivier de [[Kongo (rivier)|Kongo]], fuort foar [[Brazzaville]] oer, haadstêd fan de [[Republyk Kongo]].
 
== Skiednis ==
Kinsjasa leit oan de súdigge fan de rivier de [[Kongo (rivier)|Kongo]], fuort foar [[Brazzaville]] oer, haadstêd fan de [[Republyk Kongo]]. De stêd waard yn [[1881]] stifte troch [[Henry Morton Stanley]] as hannelspost en waard troch him Léopoldville (Leopoldstêd) neamd as earbetoan oan [[Leopold II fan Belgje|kening Leopold II]], dy't it enoarme gebiet bestjoerde dat no de Demokratyske Republyk Kongo is. De post bloeide; it wie de lêste befarbere haven oan de Kongo foar de [[Livingstonewetterfallen]]. Yn it earstoan moast alle hannelsguod dat yn Leopoldstêd oankaam troch dragers nei de haven fan [[Matadi]] oan de [[Atlantyske Oseaan|Atlantyske]] kust brocht wurde. It foltôgjen fan in [[spoar]]line yn [[1898]] makke dêr in ein oan en soarge foar in gaadlike menear fan ferfier de [[rak]]ken streamôf by del en stimulearre de ûntjouwing fan Kinsjasa. Yn [[1920]] waard Kinsjasa [[haadstêd]] fan [[Belgysk Kongo]], en ferfong dêrmei it stedsje [[Boma (stêd)|Boma]], dat oan see lei.
 
Yn [[1965]] naam [[Mobutu Sese Seko]] mei syn twadde [[steatsgreep]] de macht yn Kongo. Hy sette útein mei in polityk fan "Afrikanisearring" mei it doel de nammen fan persoanen en plakken te ferfangen troch Afrikaanske nammen. Yn [[1966]] waard de namme Léopoldville wizige yn Kinshasa, nei in doarpke dat ea op dat plak lei. De stêd woeks hurd ûnder Mobutu en luts minsken út it hiele lân oan, dy't har lok sochten yn de stêd of dy't oan etnyske striderij ûntkaam wienen. Dit brocht grutte feroaringen yn de etnyske en linguïstyske gearstalling fan de befolking fan Kinsjasa. Hoewol't de stêd yn it gebiet fan de Bakongo leit, is de [[lingua franca]] net it [[Kikongo]], mar it [[Lingala]].