Lulkens: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L +synonym
Rigel 1:
[[Ofbyld:Schwer_sauer.jpg|thumb|''Lilke man'']]
'''Lulkens''' of '''lilkens''', of mei in âlder wurd '''grime''', is in [[emoasje]] dy't optrede kin by ien dy't dwers sitten of tsjinwurke wurdt, as syn "[[territoarium (bisten)|territoarium]]" betreden wurdt, of as oer syn of har grinzen hinne gien wurdt. Lilkens set dus oan ta [[agresje]] (of hinger dermei gear), fan de persoan sels of fan syn of har groepsgenoaten. Lilkens kin him uterje yn wurden (skelle en rache) of yn dieden yn de foarm fan fysyk geweld (slaan, skoppe, hântaastlikheden of sels it brûken fan wapens).
 
Oars besjoen is lilkens de gefoelskomponint fan [[agresje]], in ûnderdiel fan de [[stress]]reaksje dy't by alle bisten optreedt: in waarnommen bedriging ropt in tsjinreaksje op, dy't op syn bar bedrigend is en útrinne kin yn geweld.