Brainbox: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nij artikel
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 13 mai 2018 om 21.16

Brainbox is in[ [Nederlânske]] rockband dy ’t oprjochte is yn 1968 en yn it begjin bestie út Jan Akkerman(gitarist),[ [Kaz Lux]] (sjonger),Pierre van der Linden (drummer) en André Reynen (basgitarist).

Skiednis

Jan Akkerman en Pierre van der Linden spilen allebeide as sesjemuzikant op platen fan oaren (bigelyks de Cats en Rob de Nijs). Sy waarden frege om te spyljen mei in ûnbekinde jonge sjonger út Noard-Brabân dy ’t de haadpriis wûn hie yn in talintenjacht en no in plaat opnimme mocht. Die sjonger wie fan Poalske komôf en hjitte Kazimierz “Kaz” Lux. De manljue namen it plaatsje Woman’s gone op, mei Jan Akkerman sawol op de sologitaar as op de bas, Pierre van der Linden op drums en de ferneamde rhythm en blues pianist [Rob Hoeke]. De sjonger dy’t noch nea earder in plaat opnaam hie foel fuortendaliks op troch syn hege, emoasjoniele stim. Al gau waard der in band oprjochte, mei André Reynen as bassist. De earste single dy ’t hja útbrochten wie Down man, mei op de B-side Woman’s gone. Dy plaat waard # 13 yn de Nederlânske Top 40. Jan Akkerman en Kaz Lux skreaunen de measte ferskes fan de band, mar hja namen ek bewurkingen op fan lietsjes fan oaren. Op harren earste LP steane ûnder oaren ferskes fanSimon en Garfunkel(Scarborough Fair),Tim Hardin(Reason to believe) en George Gershwin(Summertime). Der steane twa eigen lietsjes op dat album Dark rose (dat #16 waard yn de Top 40) en Sea of delight, dat op de LP 17 minuten duorret.

Harren sukses soe net sa lang duorje. Jan Akkerman gong repetearjen mei it trio Thijs van Leer en doe’t de manager fan Brainbox dat ûntduts waard er ûntslein. Hy waard lid fan de band Focus, dy’t ynternasjonaal grut sukses hie. Yn 1970 stapte Pierre van der Linden ek oer nei Focus. Akkerman waard ferfong troch twa gitaristen, Rudy de Queljoe en Herman Meyer, dy ’t beide ek singles skreaunen foar Brainbox. Nei in koart skoftsje waard Meyer ferfong troch John Schuursma. De nije drummer, opfolger fan Pierre van der Linden, wie Frans Smit (dy’t troud wie mei de sjongeres Sjoukje van ’t Spijker). Yn dizze gearstalling waarden noch in tal singles makke, dy ’t meast de Top 40 wol hellen.

Yn 1971 stapte Kaz Lux ek út de band, hy waard opfolge troch Michel van Dijk. Op dat stuit wie der nimmen mear oer fan de oarspronklike band. Brainbox makke noch wol in twadde album, dat Parts neamd waard. Eins in hiel tapaslike namme, want de band foel út elkoar en lei yn stikken. Neidat der in pear reunykonserten plak fûn hienen, waard yn 2011 in nij Brainbox album makke The 3rd flood. De band bestie doe út de âld leden Kaz Lux, Rudy de Queljoe, John Schuursma, Pierre van der Linden en de nije bassist Cees van der Laarse. Yn dizze gearstalling gong Brainbox wer op tournee troch Nederlân. Yn 2011 is in nije útfiering ferskynd fan it earste album Brainbox, útwreide mei in grut tal singles. ). Yn de Radio 2 Top 2000 stienen in 2017: Summertime (814) en Down Man (1034). Yn maart 2018 is it earste album fan Brainbox troch de lêzers fan it tiidskrift Lust for Life keazen ta nûmer fjouwer fan de bêste Nederlânske albums fan alle tiden.

Diskografy

Studioalbums

  • Brainbox (1969)
  • Parts (1972)
  • The 3rd Flood (2011)

Singles

  • Down man / Woman's gone (1969)
  • Sea of delight / Amsterdam the first days (1969)
  • Summertime / Dark rose (1969)
  • To you / So helpless (1970)
  • Between alpha and omega / Cruel train (1970)
  • Doomsday train / Good morning day (1970)
  • Smile / The flight (1970)
  • Virgin / Mobilae (1971)
  • Dilemma / If you could only feel it (1971
  • A part of me is a part of you / When I was poor (1972)
  • Down man / Summertime / Dark rose (werútjefte 1972)