Katarina de Grutte: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
Rigel 4:
== Biografy ==
Katarina de Grutte waard berne yn [[Dútslân]] yn it plak Stettin, dat hjoeddeis yn it noardwesten fan [[Poalen]] leit. Doe't se fyftjin jier âld wie krige se in útnûgingútnoeging fan de Russyske [[Elisabeth I fan Ruslân|tsarina Elisabeth]] en [[Peter III fan Ruslân|Gruthartoch Peter Fedorovitsj]] foar in besite oan it Russyske hof. Dit hie ta doel dat se har ferlove soe mei dizze Gruthartoch, har eigen neef en troanopfolger fan de Russyske troan. Op [[21 augustus]] 1745 waard it houlik sletten. Nei it houlik giet se oer ta it [[East-Ortodokse Tsjerke|East-Ortodokse]] leauwen en krijt de foarnammen Ekaterina Aleksejevna.
Harren relaasje wie fan begjin ôf oan min. Dat waard fersterke troch it egoïstyske en swartgallige karakter fan de pokte troanopfolger dy’t troch in bernesykte ek hast hielendal keal wie. Yn it houlik kamen der yn it begjin gjin bern oant Peter troch in operaasje yn steat wie om op in normale manier in seksuele relaasje te hawwen. Nei njoggen jier houlik krige Katarina in soan, [[Paul I fan Ruslân|Paul]]. Dizze soan waard fuortendaliks meinomd troch beppe Elisabeth; dêrom krige Katarina har soan somtiden moannenlang net te sjen. Peter bestiigde de troan fan Ruslân nei it ferstjerren fan tsarina Elisabeth yn [[1761]]. Peter wie in grut bewûnderer fan Ruslâns froegere fijân, de [[Prusen|Prusyske]] [[Frederik II fan Pruisen|kening Freark]]. Peter herfoarme it Russyske leger nei Prusysk foarbyld, soks ta grutte argewaasje fan de striidmacht sels. Yn juny [[1762]] kamen in grut oantal Russyske offisieren yn opstân en krigen se Katarina safier om har oan harren side te krijen. Katarina spruts de soldaten ta en frege om beskerming tsjin de wraak fan har echtgenoat. Peter wie op dat stuit mei syn mêtressen en mei syn gefolch op it keizerlike bûtenferbliuw “[[Oranienbaum]]”. Peter ferskûle him yn [[Kronstadt]] in fersterke stêd tichtby [[Sint Petersburch]]. Dêr hearde hy dat Katarina útroppen wie ta tsarina. Twongen om syn troan op te jaan waard Peter yn de finzenis goaid. Twa wike letter ferstoar hy ûnder mysterieuze omstannichheden.