Wolf: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
L Akualisearre.
Rigel 1:
[[OfbyldFile:CMMEurasian MexicanWolfwolf.jpgJPG|thumb|250px|''De jeropeeske wolf lykas er yn [[Meksiko]] te finen(Canis islupus)'']]
De '''wolf''' is in rôfdier en in sûchdier út de famylje fan de hûnêftigen, ''Canidae''. Syn [[Latyn]]ske namme is ''Canis Lupus''. Se kinne in soad kleuren hawwe, fan hielendal wyt oant reabrún. Der binne ek swarte eksemplaren. In wolf is likernôch (kop-sturt) 2 meter lang. In wolf yt alles, griente útsein. Se libje yn ridels, dy't wat grutte oanbelanget ferskille kinne en wêrfan't de wichtichste wolven út 'e ridel it alfa-mantsje en it alfa-wyfke binne. Wannear't der in protte iten is, binne de ridels grutter. Se jeie mei-elkoar op wyld.
 
Rigel 5:
Yn de ferskate Europeeske lannen nimt it tal wolven stadichoan wer ta. Dat is it gefal yn [[Spanje]], [[Tsjechje]], [[Sloveenje]], [[Kroaasje]] en [[Slowakije]]. Troch it genetysk ferskaat wurde de wolven yn [[Skandinaavje]] as bedrige kategorisearre.<ref>[http://www.wissenschaft.de/wissenschaft/news/249720.html Zu enge Familienbande unter skandinavischen Wölfen] artikel fan de webside wissenschaft.de</ref> Neffens it Sweedske Rôfdiersintrum soenen der yn 2008 sa'n 180 wolven yn Sweden en Noarwegen west hawwe. Yn lannen as [[Frankryk]] en [[Switserlân]] is de wolf weromkommen.
 
Yn Dútslân binne spoaren fan in wolf fûn yn de dielsteat [[Noardryn-Westfalen]]. Yn de dielsteat [[Nedersaksen]] ferwachtsje saakkundigen foar 2015 de earste wolfsridel. Yn 2011 wienen der yn it easten fan [[Dútslân]] alve ridels. De wolven yn de dielsteaten [[Noardryn-Westfalen]] binne singelier en nei ferwachting sille de earste wolven yn Nedersaksen dat ek wêze.
 
== De wolf yn Fryslân ==
De lêste wolf yn de provinsje [[Fryslân]] is yn [[1712]] by [[Wolvegea]] deasketten.<ref>Omrop Fryslân: [http://www.omropfryslan.nl/nijs/l%C3%AAste-fryske-wolf-300-jier-lyn Lêste Fryske wolf 300 jier lyn]</ref> Yn 1772 waard yn it súdeasten fan de Grinzer Ommelannen de lêste wolvejacht holden. Yn [[East-Fryslân]] wurdt yn [[1738]] yn de omkriten fan [[Jever]] in wolf deasketten.<ref>It Nijs: [http://itnijs.nl/2011/08/wolven-togje-op-fryslan-oan/ Wolven tsjogge op Fryslân oan]</ref> As de wolf wer nei Fryslân komme soe, sil der nei alle wierskyn út it eastlike Dútslân wei komme.
 
Sûnt 2000 binne der yn Nederlân út en troch mar jimmeroan faker meldings fan wolven. Yn 2011 waard der mei wissichheid in wolf sjoen yn Gelderlân.<ref>[https://www.trouw.nl/home/wolf-gesignaleerd-bij-tankstation-in-gelderland~aa7cb341/ Trouw, 02.09.2011]</ref> Yn july 2013 is der in deade wolf fûn yn it [[Suderleech]], neffens de earste berjochten wie er oanriden troch in automobilist. Ut ûndersyk die bliken dat de wolf by syn ferstjerren in bever yn 'e mage hie en dat soe betsjutte dat de wolf wierskynlik dêr dellein wie as grap.<ref>[[It Nijs]]: [http://itnijs.nl/2013/07/75313/ Deade wolf dellein as grap]</ref>
 
Yn 2015 dûkte in jonge wolf yn Drinte op.<ref>[http://nos.nl/artikel/2023273-wolf-duikt-op-in-drenthe.html NOS, 07.03.2015]</ref><ref>[https://web.archive.org/web/20150310010450/http://www.rtvnoord.nl/artikel/artikel.asp?p=146142 RTV Noard 07.03.2015]</ref> en Grinslân.<ref>[https://web.archive.org/web/20150312095002/http://www.rtvnoord.nl/artikel/artikel.asp?p=146200 RTV Noard 11.03.2015]</ref><ref>[http://www.nu.nl/videos/4005799/wolf-gespot-bij-meppen.html Nu.nl 06.03.2015]</ref><ref>[http://nos.nl/artikel/2028219-wolf-in-drenthe-en-groningen-was-een-wilde.html NOS, 02.04.2015]</ref> Op de A28 tusken Meppel en it Heechfean waard yn 2017 in wolf deariden.<ref>[https://www.nu.nl/dieren/4511415/wolf-doodgereden-snelweg-in-drenthe.html Nu.nl 03.03.2017]</ref>
 
Op 14 april 2018 waard by [[Appelskea]] in bist filme dat op in wolf like. Dy nacht wiene earder by [[Boyl]] al in trije skiep deabiten.<ref>[http://www.dvhn.nl/drenthe/Wolfdeskundigen-dier-bij-Appelscha-vermoedelijk-wolf-video-23092435.html Deiblêd fan it Noarden, 15.04.2018]</ref> It had troch DNA-ûndersyk blieken dien dat de wolf yn 2018 yndied werom is yn Fryslân. Yn it twadde wykein fan maaie waard de wolf mooglik ek by [[Bontebok]] sinjalearre. It soe hiel goed kinne dat de deabiten skiep by [[Langsweagen]] en [[De Knipe]] yn maaie 2018 ek it wurk wie fan de wolf. De wolven komme út Dútslân en sykje yn it easten fan Nederlân en sûnt 2018 ek Fryslân nei nije wengebieten.<ref>Frysk Deiblêd, 15.05.2018</ref>
 
{{boarnen|boarnefernijing=