Roarik: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
st
Theun (oerlis | bydragen)
L wytsingen
Rigel 1:
[[Image:Rorik by H. W. Koekkoek.jpg|thumb|right|220px|Rorik]]
'''Rorik''', ek wol '''Roerik fan Dorestêd''' of '''Hrörek''' wie in [[Denemarken|Deenske]] [[Wytsings|Wytsing]] dy't tusken [[850]] en [[880]] hearske oer in grûtgrut part fan [[Nederlân]], dat yn dy tiid [[Fryske ryk|Fryslân]] hiet. Hy krige fan de Frankyske kening dat gebiet as greefskip yn lien en wurdt dêrom as in ''Fryske greve'' beskôge. Mar it kin ek west hawwe, dat er himsels [[kening]] fan Fryslân neamd hat.
 
==Komôf==
Rorik waard om [[810]] hinne berne yn [[Jutlân]], (Denemarken) as soan fan kening [[Anulo]] fan it skaai [[Hedeby|Haithabu]]. As WytsingshaadlingWytsingehaadling die Rorik mei oan ferskate plondertochten. Yn [[836]]
plondere hy de delsettingen ''Antverpia'', [[Deurne]] mei har [[Benediktyn]]er [[kleaster]], [[Merksem]], [[Ranst]] en [[Broechem]]. Fan it ferwoaste ''Antverpia'' liet Rorik in tipysketypyske Wytsing-ringwâlfesting meitsje.
 
==Greve fan Fryslân==
Yn [[841]] krige hy fan de Frankyske keizer [[Loadewyk de Fromme]] it eilân [[Wieringen]] yn lien tawezentawizen. De keizer besocht hjirmei de Deenske WytsingsWytsingen fan plonderjen ôf te hâlden. Mar dat slagge net. Tegearre mei syn broer [[Harald]] oermastere hy de Fryske gebieten fanút de eilannen [[Wieringen]] (Rorik) en [[Walcheren]] (Harald). Yn [[850]] moast de nije keizer [[Lotarius II]] him by de hearskippyhearskippij fan Rorik oer Fryslân del lizze. Yn datselde jier oermastere Rorik de wichtigstewichtichste stêden [[Dorestêd]] en [[Utert (stêd)|Utert]], wêrtroch de biskop fan Utert, [[Hunger]] ûntwyk sykje moast yn [[Dimter]]. De [[Frankyske Ryk|Frankyske]] keningen stienen machteleas tsjinoer de ynfallen fan de WytsingsWytsingen en besochten de WytsingsliedersWytsingelieders oan har ta binen troch grutte gebieten yn lien te jaan.
 
Rorik makke Dorestêd ta sintrum fan syn Fryske machtsgebiet dat har útstrekte tusken it [[Fly]] en [[Maas]]. Dus sawat it hiele gebiet fan it tsjintwurdige [[Hollân]] (Noard en Súd) en [[Utert (provinsje)|Utert]].
Neidat er foarmeelformeel it Greefskip oer Fryslân krige hat, besocht Rorik sûnder sukses kening fan Denemarken te wurden ([[854]]). Lykwols joech hy it plonderje net op. Yn [[857]] naam er [[Hedeby]] yn en yn [[859]] waard [[Bremen]] plondere. Troch dizze tochten helle hy de woede fan de keizer op syn hals, dy't him it Greefskip oer Fryslân ôfnomôfnommen. Yn [[863]] plonderdeplondere hy op 'e nij Dorestêd, dat net mear opboud wurde soe.
 
De Friezen kamen tsjin de hearskippyhearskippij fan Rorik yn opstân, doe't er tydlik Fryslân ferlitte moast. Mar Rorik socht tanadering by de Frankyske keningen [[Karel de Keale]] en [[Loadewyk de Dútser]] en waard yn [[870]] fan beiden in [[fazal]]. Hy stoppe mei de plondertochten en krige dêrtroch syn Fryske lien werom. Hy bekearde him ta it [[kristendom]] en kaam te ferstjerren yn [[880]]. Hy waard opfolge troch [[Godfried de Wytsing|Godfried]], de soan fan Harald.
 
==Literatuer==