Peloponnesos: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
No edit summary
Rigel 22:
| webside =
}}
De '''Peloponnesos''' ([[Gryksk]]: Πελοπόννησος, ''Pelopónnēsos'' of ''Pelopónnīsos'') is in grut [[skiereilân]] en in [[tradysje|tradysjoneletradisjonele]] [[lânstreek|regio]] yn it [[suden]] fan [[Grikelân]]. Dit gebiet wurdt fan 'e rest fan it Grykske [[fêstelân]] skaat troch de [[Golf fan Korinte]]. Under de [[Osmaanske Ryk|Osmaanske]] hearskippij stie it skiereilân fan 'e [[Midsiuwen]] ôf bekend as de '''Moreä''' (Gryksk: Μωρέας, ''Moréas''), in namme dy't it yn it aldendeiske spraakgebrûk yn Grikelân noch altyd hat ([[Gryksk|Nijgryksk]]: Μωριάς, ''Moriás''). Yn [[2011]] hie de Peloponnesos in [[befolking]] fan 1,1 miljoen ynwenners. De ''de facto'' [[haadstêd]] en teffens de grutste [[stêd]] is [[Patras]], oan 'e [[kust|noardkust]].
 
==Geografy==
Rigel 83:
Neffens gegevens út [[2011]] hie de Peloponnesos doe in [[befolking]] fan 1.100.071 [[minske]]n. De [[befolkingstichtens]] bedroech dêrmei 51 minsken de [[km²]]. [[Etnysk]] sjoen bestiet de mearderheid fan 'e Peloponnezyske befolking út [[Griken]], mei in oansjenlike [[minderheid]] fan [[Arvaniten]] ([[Albanezen]]). De measte ynwenners sprekke [[Gryksk]], mar de Arvaniten hawwe alteast foar in diel harren eigen [[taal]], it [[Arvanitysk]] (in foarm fan [[Albaneesk]]) bewarre. Oan 'e eastkust wurdt noch troch in pear hûndert minsken [[Tsakoanysk]] sprutsen, in oan it Gryksk besibbe [[taal]] dy't troch de Grykske oerheid as in [[dialekt]] beskôge wurdt.
 
It [[plattelân]] fan 'e Peloponnesos stiet bekend as ien fan 'e meast [[tradysje|tradysjonalistysketradisjonalistyske]] en [[konservatisme|konservative]] kriten fan Grikelân. Mar nettsjinsteande de relative [[earmoede]] fan 'e regio hawwe ynwenners fan 'e Peloponnesos sûnt de Grykske Unôfhinkliheidsoarloch fan 'e [[1820]]-er jierren altyd fierhinne de Grykske [[polityk]] behearske. Sa wie de grutte mearderheid fan 'e [[premier]]s fan Grikelân ôfkomstich fan it skiereilân, krekt as de machtige [[famylje (besibskip)|famyljes]] Zaimis, Mavromichalis, Varvitsiotis, Stefanopoulos en Papandreou. Ek de [[sakeman|sake-elite]] fan Grikelân komt foar in grut part fan 'e Peloponnesos, wylst de [[Manioaten]] (fan it [[Many (skiereilân)|Many-skiereilân]] yn it suden fan 'e Peloponnesos) tradysjoneeltradisjoneel de [[Grykske Striidkrêften]] dominearje. Lju fan 'e Peloponnesos hawwe sadwaande yn Grikelân in [[reputaasje]] fan slûchslimmens en politike konneksjes.
 
==Keppelings om utens==