Koarstmoas: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L [[]] oars
No edit summary
Rigel 5:
Koarstmoas is in losse term yn it deistich spraakgebrûk en in ynformele [[taksonomy]]ske groep, dy't de [[klasse]]n ''[[Ascomycota]]'', ''[[Basidiomycota]]'' en ''[[Deuteromycota]]'' fan it [[ryk]] fan 'e [[skimmels]] (''Fungi'') omfiemet. Koarstmoassen binne gjin [[lânplanten]] en nettsjinsteande de namme binne se sadwaande hielendal net nau besibbe oan 'e [[moassen]]. Se komme foar yn guon fan 'e meast ekstreme [[biotoop|biotopen]] fan 'e wrâld, wêrûnder de [[Arktis|Arktyske]] [[toendra]], de hjitste [[woastyn|woastinen]], [[rots]]ige kusten en op giftige [[slak (ôffal)|slakkebulten]]. Se binne lykwols ek rûnom oanwêzich yn [[reinwâld]]en en [[leafwâld|leaf]]- en [[nullewâld]] yn mylde [[klimaat]]sônes. Se groeie faak op keale [[rots]]en (wêrûnder ek muorren, [[dakpanne]]n en [[grêfsark]]en), as [[epifyt]]en op 'e [[stam (beam)|stammen]], [[tûke (beam)|tûken]] en [[blêd (plant)|blêden]] fan [[beam]]men, en op bleatfallen stikken [[grûn]] yn fierders mei [[stien]] oerdutsen kriten.
 
Koarstmoas hat in algemiene [[areaal|fersprieding]] en der is wol rûsd dat 6% fan it lânoerflak op 'e wrâld dermei oerdutsen is. It kin boppedat tige lang libje, mar in protte [[soarte]]n binne gefoelich foar [[miljeufersmoarging]]. Dat makket har dan wer ynteressant foar de [[wittenskip]] by it fêststellen fan 'e mjitte en it aard fan fersmoarging yn in beskate krite. Sa kin [[loftfersmoarging]], de gesteldheid fan 'e [[ozonlaach]] en fersmoarging mei [[metaal|swiere metalen]] ôflêzen wurde oan 'e steat fan ferskillende soarten koartsmoas. Yn it ferline waard koarstmoas gauris brûkt foar it meitsjen fan [[ferve]] en [[rûkersguod]], en wie it in wichtich yngrediïnt yn [[tradysjonele medisinen|tradisjonele medisinen]]. De stúdzje nei koarstmoassen wurdt [[lichenology]] neamd; op dat mêd is yn [[Nederlân]] de [[Bryologyske en Lichenologyske Wurkgroep]] aktyf.
 
{{boarnen|boarnefernijing=