Frysk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Mysha (oerlis | bydragen)
L Ik haw yndirekte keppelings koartsletten, sa fier ik dat koe.
No edit summary
Rigel 335:
[[File:Jitske Kingma Tresoar 31.jpg|right|thumb|250px|[[Jitske Kingma]], oprjochtster fan [[Utjouwerij Elikser]].]]
 
Sûnt it útbrekken fan 'e ekonomyske krisis, yn [[2008]], wurde der wat minder Fryske boeken publisearre en is it dêrmei foar [[skriuwer]]s en [[oersetter]]s dus dreger wurden om har wurk útjûn te krijen. De beide grutte [[útjouwerij]]en op it mêd fan Frysktalige literatuer binne de ''[[Friese Pers Boekerij]]'' te [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]] en [[Utjouwerij Bornmeer]] op [[De Gordyk|'e Gordyk]]. Ferskate oare, lytsere [[útjouwerij]]en binne krektlyk op dit mêd aktyf, wêrûnder [[Utjouwerij Frysk en Frij]] en [[Utjouwerij Wijdemeer]], al bringt de lêste mear Nederlânske as Fryske boeken út. De [[Afûk]] konsintrearret him op Frysktalich lesmateriaal en op [[berneboek]]en, wylst de [[Kristlik Fryske Folksbibleteek]] him taleit op [[kristendom|kristlike]] en tradysjoneletradisjonele lektuer.
 
Begjin [[2014]] waard de nije útjouwerij [[Regaad]] oprjochte, en ein [[2013]] joech de yn [[Hoarn (stêd)|Hoarn]] fêstige [[Noard-Hollân|Hollânske]] útjouwerij [[Hoogland & Van Klaveren]] oan dat se tenei ek Frysktalige boeken útbringe woene. Dêrby wiene beide lêst neamde útjouwerijen fan doel om har ta te lizzen op oersettings yn it Frysk. Op datselde terrein is ek al langere tiid [[Utjouwerij Elikser]] út [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]] aktyf, dy't foar de útjefte fan sok wurk, mar ek fan oarspronklike literatuer, in beskieden bydrage fan 'e skriuwer/oersetter freget. Ek ferskate algemiene Nederlânske útjouwerijen hawwe har de lêste jierren op 'e Fryske merk bejûn, bygelyks [[Athenaeum-Polak & Van Gennep]], út [[Amsterdam]], mei de oersetting ''[[Tsiis (boek)|Tsiis]]'', fan [[Willem Elsschot]], en [[Luitingh-Sijthoff]], ek fêstige yn Amsterdam, mei de oersetting ''[[Ynferno (boek)|Ynferno]]'', fan 'e [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] skriuwer [[Dan Brown]].