Lytse Wolf: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 19:
| webside =
}}
'''Lytse Wolf''' ([[Sjajinsk]]: '''Ó’kôhómôxháahketa''', útspr.: [oʔkohomoxha:hkɪta]; tradysjoneletradisjonele [[Ingelsk]]e oersetting: '''Little Wolf'''; [[Montana]], ±[[1820]] – yn it [[Noardlike Sjajinne Reservaat]] ([[Montana]]), [[1904]]) wie in opperhaad fan 'e [[Noardlike Sjajinnen]], (''Northern Cheyenne''), in [[Yndianen|Yndiaansk]] folk fan 'e [[Grutte Flakten (Noard-Amearika)|Grutte Flakten]] fan [[Noard-Amearika]]. Syn namme soe eins krekter oerset wurde kinne as '''Lytse Kojoate''' (Ingelsk: '''Little Coyote'''). Hy stie bekend as in grut militêr taktikus, en joech yn [[1878]] mei [[Stomp Mês]] lieding oan 'e saneamde [[Uttocht fan de Noardlike Sjajinnen]], in dramatysk besykjen fan syn folk om te ûntsnappen út it [[Yndianereservaat|reservaat]] dat harren tawiisd wie.
 
==Libben==
Rigel 29:
 
===Grutte Sû-Oarloch fan 1876===
Yn 'e [[Grutte Sû-Oarloch fan 1876]] loeken de Noardlike Sjajinnen wer mienskiplik op mei harren tradysjoneletradisjonele bûnsgenoaten, de Sû en de Arapaho. Lytse Wolf focht ek wer mei, sij it net yn 'e ferneamde [[Slach oan de Little Bighorn]], op [[25 juny]] [[1876]], wêrby't de Yndianen it [[Amerikaanske 7e Kavaleryregimint]] fan [[luitenant-kolonel]] [[George Armstrong Custer]] in ferpletterjende nederlaach tabrochten. It wiene feitliken ferkenners út it kamp fan Lytse Wolf dy't foarôfgeande oan 'e slach in opsleine itensfoarrie fan 'e Amerikaanske troepen fûnen. Custer naam dêrtroch oan dat de posysje fan syn regimint ûntdutsen wie troch de Yndianen, en hoewol't er dêr mis mei wie, makke dat dat er halje-trawalje oanfoel. Nei de slach waard Lytse Wolf in hoartsje fêstholden en hast deadien troch de poerlulke Sû, dy't mienden dat er Custer nei harren ta laat hie. Inkeld syn eigen stiiffêst ûntkennen en it meifjochtsjen fan 'e oare Noardlike Sjajinnen yn 'e slach rêde him by dy gelegenheid it libben. Letter wie Lytse Wolf op [[17 july]] belutsen by de [[Slach by Warbonnet Creek]], in [[skermutseling]] dy't net folle om 'e hakken hie.
 
===Oerjefte en deportaasje===