Nij-Meksiko: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
No edit summary
Rigel 76:
 
De uterste noardeastlike stripe fan it moderne Nij-Meksiko hie oarspronklik net by Nij-Spanje heard, mar waard ynstee ta de [[Frankryk|Frânske]] koloanje [[Louisiana (koloanje)|Louisiana]] rekkene, dy't yn [[1863]], by de [[Frede fan Parys (1763)|Frede fan Parys]], yn syn gehiel yn Spaanske hannen kaam. Dêrnei gie Louisiana foar in perioade fan 37 jier op yn Nij-Spanje, oant de Spanjerts it gebiet yn [[1800]] wer weromjaan moasten oan Frankryk. [[Napoleon]] lykwols, dy't it doe yn [[Parys]] foar it sizzen hie, koe fanwegen de [[Grut-Brittanje|Britske]] oppermacht op 'e [[wrâldsee]]ën net folle mei it gebiet, dat yn [[1803]] ferkocht er de koloanje oan in oare fijân fan 'e Britten, de [[Feriene Steaten]], by in transaksje dy't bekendstiet as de [[Louisiana-oankeap]]. Sa wie it uterste noardeasten fan Nij-Meksiko it earste diel fan 'e tsjintwurdige steat dat yn Amerikaanske hannen kaam.
[[File:Adobe pueblo revival.jpg|left|thumb|250px|Nije [[arsjitektuer]] yn [[Santa Fe (Nij-Meksiko)|Santa Fe]] dy't him spegelet oan 'e [[tradysje|tradysjoneletradisjonele]] boustyl fan 'e [[Pûeblo-Yndianen]].]]
 
Nei't yn [[1848]] it [[Ferdrach fan Guadalupe Hidalgo]] in ein makke oan 'e twajierrige [[Meksikaansk-Amerikaanske Oarloch]], wie Meksiko twongen om syn hiele noardlike grinsregio, wêrûnder ek de provinsje Nij-Meksiko, ôf te stean oan 'e Feriene Steaten. Neitiid joech Teksas by it saneamde [[Kompromis fan 1850]] yn ruil foar in bedrach fan [[$]]10 miljoen syn oanspraken op it eastlik diel fan Nij-Meksiko op, sadat op [[9 septimber]] [[1850]] it [[Territoarium Nij-Meksiko]] stifte wurde koe. Dêrta hearde net inkeld de tsjintwurdige steat Nij-Meksiko, mar ek de steat [[Arizona]], it uterste súdeasten fan [[Nevada]] en in stripe fan súdlik [[Kolorado]]. Yn [[1853]] skaften de Feriene Steaten fierders troch de saneamde [[Gadsden-oankeap]] fan Meksiko it tsjintwurdige Arizona besuden de rivier de [[Gila (rivier)|Gila]] en de [[Hakke fan Nij-Meksiko]] oan, in gebiet dat doe ek ta it [[territoarium (Feriene Steaten)|territoarium]] kaam te hearren.
Rigel 118:
De [[Latino's yn Noard-Amearika|Latino's]] foarmje yn Nij-Meksiko de grutste [[befolking]]sgroep, mar net de mearderheid fan 'e befolking. Wol is harren persintaazje fan 'e befolking fan Nij-Meksiko (46,3%) it heechste fan alle [[Amerikaanske steaten]]. It meastepart fan harren (83%) is lânseigen yn 'e steat; d.w.s. dat harren [[foarâlden]] der al wennen doe't Nij-Meksiko yn [[1848]] by de [[Feriene Steaten]] kaam te hearren. De mearderheid fan 'e Nijmeksikaanske Latino's beweart [[ôfstamming|ôf te stamjen]] fan 'e oarspronklike [[Spanje|Spaanske]] kolonisten dy't har yn 'e [[16e iuw|sechstjinde]], [[17e iuw|santjinde]] en [[achttjinde iuw]] yn 'e krite nei wenjen setten. Dizze saneamde [[Hispano's fan Nij-Meksiko]] libje tsjintwurdich benammen yn it noardlike part fan 'e steat. Latino's yn súdlik Nij-Meksiko binne faker resinte [[ymmigrant]]en út [[Meksiko]] (16,3%) en [[Midden-Amearika]] wei.
 
De Yndianen fan Nij-Meksiko binne benammen [[Navaho (folk)|Navaho]], [[Apachen]] en [[Pûeblo-Yndianen]]. Nij-Meksiko hat ien fan 'e grutste [[Yndianen|Yndiaanske]] befolkings fan alle [[Amerikaanske steaten]]. Yn absoluten termen wenje allinnich yn [[Kalifornje]], [[Oklahoma]] en [[Arizona]] mear Yndianen as yn Nij-Meksiko, en prosintueel meitsje Yndianen yn Nij-Meksiko nei [[Alaska]] it grutse oanpart yn 'e befolking út fan alle Amerikaanske steaten. Fan gefolgen is sawol de ynfloed fan 'e Latino's as dy fan 'e Yndianen sichtber yn 'e [[flagge]] fan Nij-Meksiko, dy't mei [[read]] en [[giel]] de [[tradysje|tradysjoneletradisjonele]] [[Spanje|Spaanske]] [[kleur]]en hat, mei as sintraal [[symboal]] it [[sinne]]-embleem fan 'e [[Zia Pûeblo]].
[[File:Albuquerque Downtown South.png|right|thumb|250px|[[Albuquerque (Nij-Meksiko)|Albuquerque]], de grutste [[stêd]] fan Nij-Meksiko.]]