Webcamgirl: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
 
Rigel 1:
[[File:Kendra Lust AVN Expo 2015 2.jpg|right|thumb|200px|[[Pornoaktrise]] [[Kendra Lust]] sette har karriêre útein as webcamgirl.]]
In '''webcamgirl''' (soms ferkoarte ta '''camgirl''') is in [[neakenmodel]] dat wurket fia ''live''-bylden dy't opnommen wurde mei in [[webcam]] en oer it [[ynternet]] ferstjoerd wurde. Om't der ek wol [[man (sekse)|manlju]] binne dy't dit wurk dogge (hoewol't dat mar in lytse minderheid is) wurdt ek wol sprutsen fan it geslachtsneutrale '''webcam-model'''. It wurk fan webcamgirls bestiet út it opfieren fan [[striptease]]s en/of it ferrjochtsjen fan [[masturbaasje|seksuële hannelings by harsels]] yn opdracht, yn oerlis of elts gefal yn kontakt mei lju dy't de bylden fia it ynternet besjogge. Dat kinne se dwaan yn ruil foar guod of oandacht, mar meastal is der sprake fan in finansjele transaksje. Der is lykwols gjin sprake fan [[prostitúsje]] yn tradysjoneletradisjonele sin fan dat wurd, om't der gjin fysyk kontakt plakfynt.
 
Webcamgirls wurkje gauris foar in fêste priis dy't per minút rekkene wurdt, mar dêrnjonken kinne se ek ynkomsten út oare boarnen krije, bgl. as se harren sjoggers oanmoedigje om dingen (meastal [[seksboartersguod]] of sokssawat) te keapjen fan beskate [[webwinkel]]s, of as harren sjoggers oanfiterje om lid te wurden fan beskate [[pornografy]]ske [[betelwebside]]n. It lean dat webcamgirls foar sok wurk krije, ferskilt per [[webside]], mar bestiet yn 'e regel út in fêst bedrach, dat soms in ''bounty'' ("preemje") neamd wurdt, en dat basearre is op in persintaazje fan bruto-útjeften fan eltse nije klant dy't him by sa'n betelsite oanmeldt.