Kroan: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
No edit summary
 
Rigel 1:
[[File:Crown of George XII of Georgia.jpeg|right|thumb|180px|In kroan.]]
{{Oar|de kroan yn 'e sin fan it holdeksel fan in foarst|kroan (betsjuttingsside)}}
In '''kroan''' of '''kroane''' (fan it [[Latyn]]ske ''corona'') is it [[tradysje|tradysjoneletradisjonele]] [[holdeksel]] dat droegen wurdt troch in [[regear]]jend [[monarch]], dat in [[symboal]] is foar dy syn [[gesach]], [[wet]]likens, [[eare]], [[gloarje]] en [[oerwinning]]. Teffens kin in kroan [[ûnstjerlikens]], [[rjochtfeardichheid]] en de [[weropstanning|weropstanning út 'e dea]] fertsjintwurdigje. Sadwaande wurde ek [[godheid|godheden]] gauris ôfbylde mei in kroan op 'e [[holle]]. Yn [[skilderij]]en en oare [[keunst]]wurken kin men soms sjen hoe't in [[kening]] of [[keizer]] syn kroan oanbean kriget troch ien of mear [[ingel]]s, wêrmei't útbylde wurdt dat sokken [[regear]]ren by de [[graasje Gods]] (mei't ingels de [[tsjinner]]s fan [[God (monoteïsme)|God]] hjitte te wêzen). Mei dêrom wurdt hearskers faak de kroan op 'e holle pleatst troch in [[biskop]] of oare [[geastlike]], by in plechtige [[seremoanje]] dy't in [[kroaning]] neamd wurdt.
 
Hoewol't de oarsprong fan 'e kroan net alhiel wis is, wolle guon [[skiedkundige]]n hawwe dat er ûntstien is út 'e [[helm]]en dy't iere [[kening]]en yn 'e [[striid]] droegen. Sokke helmen hiene yn 'e regel mear fersierings as de helmen fan harren ûnderdienen. Oare saakkundige hâlde it derop dat de hjoeddeiske kroan fuortkommen is út in ienfâldige [[metaal|metalene]] [[holbân]] dy't bedoeld wie om in [[ealstien]] op 'e [[foarholle]] te dragen. De kroan yn syn ienfâldichste foarm is yndie sa'n ienfâldige rûnte fan [[ealmetaal]] (meastel [[goud]]), dy't fan boppen iepen is. Meitiid soe troch it stadichoan tanimmen fan it tal fersierings it model fan 'e iere tradysjoneletradisjonele kroan ûntstien wêze: in rûnte fan ealmetaal dy't noch altyd fan boppen iepen wie, mar gjin bân mear wie, mar in soarte fan platte [[sylinder]], mei útstykjende pjukken nei boppen ta. Noch wer letter waard der ûnderoan in râne fan [[harmeling]]ebûnt tafoege, wylst de kroan fan boppen tichtmakke waard mei [[ferwiel]] of [[satyn]], en fjouwer of mear fan 'e pjukken nei-inoar tagroeiden, sadat se inoar yn 'e midden oan 'e boppekant fan 'e kroan metten en mei-inoar ferraanden. Dêrby waarden alle ealmetalene oerflakken op 't lêst suver ynlein mei ealstiennen en [[juwiel]]len.
[[File:Earlkrona, Nordisk familjebok.png|left|thumb|200px|In iere kroan mei útstykjende pjukken omheech.]]