Eastfriezen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 6:
Nei alle gedachten wurdt de mearderheid fan East-Fryslân noch bewenne troch de Eastfriezen. Krekte sifers binne der lykwols net fan, omdat it oansluten by in bepaalde etnyske groep frij is en de tellings net freegje nei etnisiteit. De Eastfriezen hawwe, yn tsjinstelling ta de Noard en West Friezen, harren [[Fryske talen|Fryske taal]] gau ferlern. It pleatslike dialekt is no [[Eastfrysk (Nederdútsk)|Plat East Frysk]]. Der is noch ien [[Eastfrysk]] dialekt oer: it [[Sealterfrysk]] dat mei sa'n 2.250 sprekkers praat wurdt yn [[Sealterlân]].
 
Hoewol't de Eastfriezen harren eigen taal ferlern binne, hawwe se harren eigen, Fryske identiteit oant hjoed de dei ta witten te behâlden. Sa hawwe de Eastfriezen harren eigen tradysje yn it [[tee]]drinken: de East-Fryske tee is sterk en gleonhjit en wurdt dronken mei in grou klûntsje sûker en mei in leppelfol slachrjemme. Dêrby wurdt faak porsleinguod út it Thüringske Wallendorf brûkt, mei de eigen East-Fryske roas derop. Ek beöefenet mannich Eastfries tradysjoneletradisjonele sporten as "Boßeln" en "Klootschießen". De Eastfriezen binne noch faak grutsk op harren Fryske komôf. Yn East-Fryslân waard, ta behâld fan dy eigen identiteit, yn 1949 sels de ''Ostfriesische Landschaft'', foarhinne de Eastfryske stannen, omfoarme ta in kulturele organisaasje, dy't min of mear funksjonearret lykas yn Westerlauwersk Fryslân de [[Fryske Akademy]]. Yn de [[Fryske Rie]] binne hja opnommen as de ''East'' seksje.
 
== Bekende Eastfriezen ==