Ferskil tusken ferzjes fan "Militêre plysje"

L
st.
L (Ieneach fan 'e Esk moved page Militêre plysje) to Militêre plysje: typflater yn 'e titel)
L (st.)
De '''militêre plysje''' (MP) of '''maresjesee''' is yn essinsje in [[plysje]]tsjinst dy't ferantwurdlik is foar [[befeiliging]] en [[wet]]shanthavening binnen de [[striidkrêften]]. Wannear't de militêre plysje binnen de kriichsmacht operearret, binne de leden fan 'e tsjinst yn 'e regel dúdlik fan oare [[ofsier]]en en [[manskip]]pen te ûnderskieden troch de oantsjutting '''MP''' op har [[helm]]s of op in stripe stof om 'e [[boppe-earm]]. Dêrnjonken komt it faak foar dat sa'n ynstelling ek ynset wurdt foar wetshanthavening bûten de kriichsmacht. Sa is de [[Keninklike Maresjesee]] yn [[Nederlân]] ek ferantwurdlik foar de befeiliging fan 'e nasjonale [[lofthaven]]s.
 
Ek komt it lykwols foar dat in kriichsmacht net oer in eigen plysjetsjinst beskikt, mar dat plysjetaken binnen de kriichsmacht útfierd wurde troch in [[sjândarmerysjendarmery]], in op militêre least skuoide boargerlike plysje-organisaasje dy't ek oare plysjetaken útfiert. Sa wie it bygelyks foarhinne yn [[Belgje]], dêr't de boargerlike [[Rykswacht]] ferantwurdlik wie foar sawol sivile as militêre plysjetaken. Doe't dy tsjinst lykwols opgie yn in [[Plysje yn Belgje|yntegrearre plysjetsjinst]], krigen de [[Belgyske Striidkrêften]] har eigen militêre plysje.
 
Yn guon lannen, lykas [[Nederlân]] foarmet de militêre plysje in selsstannige tûke fan 'e [[striidkrêften]], njonken de [[lânmacht]], de [[loftmacht]] en de [[marine]]. Yn [[Itaalje]] beskikt it út 120.000 man besteande ''[[Arma dei Carabinieri]]'' sels oer eigen [[skip|oarlochsskip]]pen en in eigen [[loftmacht]]korps. Yn oare lannen, lykas de [[Feriene Steaten]], bestiet gjin selsstannige militêre plysje, mar beskikke de ûnderskate kriichsmachtûnderdielen (yn it gefal fan 'e Feriene Steaten [[lânmacht]], [[loftmacht]], [[marine]] en [[marinierskorps]]) elts oer in eigen militêre-plysjeôfdieling.
85.540

bewurkings