Paul Gauguin: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 17:
 
=== [[Tahity]] en [[Polyneezje]] ===
Yn [[1891]] gie Gauguin nei tropyske oarden om de Europeeske beskaving (en syn skuldeaskers) te ûntrinnen. Hy woe alles wat keunstmjittich en konvinsjoneel wie efter him litte. Hy hie dêrby in romantysk byld fan de primitive minsk (sa't [[Jean-Jacques RouseauRousseau]] dy beskreaun hie) en sette him ôf tsjin de boargerlike maatskippij. Faaks hat ek it feit dat hy yn Frankryk as keunstner suver gjin erkenning krige dêrby in rol spile. Hy hâlde earst op Tahity ta, dêr't er ferskate masterwurken skildere hat, mar dêr't er yn [[1898]] ek besocht hat himsels te koart te dwaan. Yn [[1893]] en [[1894]] kaam er noch ien kear nei Europa, nei Parys en Kopenhagen, mar hy gong yn 1894 foar altyd nei de tropen. Hy libbe mei [[Paou'óura]] mei wa't er yn [[1899]] in soan, Emile, krige. Yn [[1901]] gong er nei de [[Marquesas Eilannen]]. Yn [[1903]] kaam Paul Gauguin oan syn ein, besmet mei syfilis en nei ferskate hertoanfallen. Hy is begroeven op in hôf yn [[Atuona]] yn [[Frânsk-Polineezje]].
 
== It wurk fan Gauguin ==