Deportaasje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
L adding a link to an authorised source
Rigel 10:
Yn 'e [[tweintichste iuw]] wiene ynterne deportaasjes fral ûnder de [[Twadde Wrâldoarloch]] skearing en ynslach. Sa deportearren de [[Dútslân|Dútsers]] 6 miljoen [[Joaden]] en 500.000 [[Roma (folk)|Roma]] nei de [[konsintraasjekamp]]en om se [[genoside|útrûgje te kinnen]], wylst yn 'e [[Sovjet-Uny]] beskate [[etnyske groep]]en út [[Jeropeesk Ruslân]] nei [[Sibearje]] ta deportearre waarden om't se mei de Dútsers sympatisearje soene, lykas [[Wolgadútsers]], [[Tsjetsjenen]], [[Yngûsjeten]] en [[Krimtataren]], of om't se gewoan de ferkearde [[godstjinst]] oanhongen, lykas de [[Mesketyske Turken]]. En yn 'e [[Feriene Steaten]] waarden 120.000 etnyske [[Japanner]]s ôffierd nei [[ynternearringskamp]]en fier fan 'e bewenne wrâld, om't dy mei [[Japan]] sympatisearje soene. Oan 'e ein fan 'e oarloch waarden fierders miljoenen etnyske [[Dútsers]] ferdreaun út [[Poalen]], [[Tsjechoslowakije]] en [[Joegoslaavje]] en 50.000 etnyske [[Hongaren]] út Tsjechoslowakije.
 
Ynterne deportaasje gie yn it ferline gauris mank mei foarmen fan [[genoside]], lykas yn it gefal fan 'e Joaden<ref>[https://www.yadvashem.org/holocaust/about/final-solution/deportation.html Deportation to the Death Camps], [https://www.yadvashem.org/ Jad Wasjem] {{en}}</ref><ref>[http://db.yadvashem.org/deportation/search.html?language=en Database of deportations] during the [[Holokaust|Holocaust]] - The International Institute for Holocaust Research, [https://www.yadvashem.org/ Jad Wasjem] {{en}}</ref> en Roma yn 'e Twadde Wrâldoarloch. Ek de [[Armeenske Genoside]], fan [[1915]]-[[1916]], sette útein as in deportaasje. En yn [[2004]] besleat it [[Jeropeesk Parlemint]] dat de deportaasje fan 'e Tsjetsjenen yn 'e Sovjet-Uny in genoside wie.
 
==Eksterne deportaasje==
By eksterne deportaasje wurde lju út in lân ferwidere en oer de grins set. Soks komt ek hjoed de dei noch rûnom foar, mar wurdt no yn 'e regel mei it [[eufemisme]] '[[útsetting]]' beneamd. In foarbyld fan dy praktyk is [[Operaasje Wetback]], in útsetting troch de Feriene Steaten fan sa'n 1,3 miljoen [[Meksiko|Meksikanen]] yn [[1954]], nei't der in publike [[hystery]] ûntstien wie oer de grutskalige [[ymmigraasje]] út [[Meksiko]] wei.
 
== Ferwizing nei boarne ==
<references/>
 
{{boarnen|boarnefernijing=