Wolf: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
L Akualisearre.
No edit summary
Rigel 1:
[[File:Eurasian wolf.JPG|thumb|250px|''De jeropeeske wolf (''Canis lupus)'')]]
De '''wolf''' is in rôfdier en in sûchdier út de famylje fan de hûnêftigen, ''Canidae''. Syn [[Latyn]]ske namme is ''Canis Lupus''. Se kinne in soad kleuren hawwe, fan hielendal wyt oant reabrún. Der binne ek swarte eksemplaren. In wolf is likernôch (fan kop- oant sturt) 2 meter lang. In wolf yt alles, griente útsein. Se libje yn ridels, dy't wat grutte oanbelanget ferskille kinne en wêrfan't de wichtichste wolven út 'e ridel it alfa-mantsje en it alfa-wyfke binne. Wannear't der in protte iten is, binne de ridels grutter. Se jeie mei-elkoar op wyld.
 
== Wengebiet ==
Rigel 8:
 
== De wolf yn Fryslân ==
De lêste wolf yn de provinsje [[Fryslân]] iswaard yn [[1712]] by [[Wolvegea]] deasketten.<ref>Omrop Fryslân: [http://www.omropfryslan.nl/nijs/l%C3%AAste-fryske-wolf-300-jier-lyn Lêste Fryske wolf 300 jier lyn]</ref> Yn 1772 waard yn it súdeasten fan de Grinzer Ommelannen de lêste wolvejacht holden. Yn [[East-Fryslân]] wurdt yn [[1738]] yn de omkriten fan [[Jever]] in wolf deasketten.<ref>It Nijs: [http://itnijs.nl/2011/08/wolven-togje-op-fryslan-oan/ Wolven tsjogge op Fryslân oan]</ref>
 
Sûnt 2000 binne der yn Nederlân út en troch, mar jimmeroan faker meldings fan wolven. Yn 2011 waard der mei wissichheid in wolf sjoen yn Gelderlân.<ref>[https://www.trouw.nl/home/wolf-gesignaleerd-bij-tankstation-in-gelderland~aa7cb341/ Trouw, 02.09.2011]</ref> Yn july 2013 is der in deade wolf fûn yn it [[Suderleech]], neffens de earste berjochten wie er oanriden troch in automobilist. Ut ûndersyk die bliken dat de wolf by syn ferstjerren in bever yn 'e mage hie en dat soe betsjutte dat de wolf wierskynlik dêr dellein wie as grap.<ref>[[It Nijs]]: [http://itnijs.nl/2013/07/75313/ Deade wolf dellein as grap]</ref>
 
Yn 2015 dûkte in jonge wolf yn Drinte op.<ref>[http://nos.nl/artikel/2023273-wolf-duikt-op-in-drenthe.html NOS, 07.03.2015]</ref><ref>[https://web.archive.org/web/20150310010450/http://www.rtvnoord.nl/artikel/artikel.asp?p=146142 RTV Noard 07.03.2015]</ref> en Grinslân.<ref>[https://web.archive.org/web/20150312095002/http://www.rtvnoord.nl/artikel/artikel.asp?p=146200 RTV Noard 11.03.2015]</ref><ref>[http://www.nu.nl/videos/4005799/wolf-gespot-bij-meppen.html Nu.nl 06.03.2015]</ref><ref>[http://nos.nl/artikel/2028219-wolf-in-drenthe-en-groningen-was-een-wilde.html NOS, 02.04.2015]</ref> Op de A28 tusken Meppel en it Heechfean waard yn 2017 in wolf deariden.<ref>[https://www.nu.nl/dieren/4511415/wolf-doodgereden-snelweg-in-drenthe.html Nu.nl 03.03.2017]</ref>