Nederlânske SS: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 29:
Dat in ferlingstik fan [[Heinrich Himmler|Himmler]]s SS yn Nederlân wichtich achte waard hie fjouwer redenen. Yn it foarste plak winske de SS, as gefolch fan Himmler syn ekspânsjedriuw, yn de ferovere lannen in wichtich plak yn te nimmen. Twads fûn de SS de oprjochting fan de Nederlânske SS wichtich foar it winnen fan frijwilligers foar de Waffen-SS. De Nederlânske SS koe net allinne sels as reservoir tsjinje, mar hie ek in wichtige taak by it lizzen fan in basis wêrút wei yn de takomst leden wûn wurde koene. Treds moast de Nederlânske SS Mussert yn de winslike grut-Germaanske rjochting fiere. As lêste hie de oprjochting fan de Nederlânske SS in wichtige propagandistyske wearde.
 
Op [[1 novimber]] [[1942]] waard de namme wizige yn '''Germaansche [[Ofbyld:SchutzstaffelSig SS SVG1.1runes.svg|16px|Runic 'SS']] in Nederland'''. Dy nammeferoaring lei de klam op it feit dat net it Nederlânske aspekt foarop stie, mar it Germaanske, lês: Grut-Dútske. De Germaanske SS hie sa'n 7000 leden en se wie yn't foarste plak in politike formaasje en teffens in reservoir foar de [[Waffen-SS]]. De Nederlânske SS'ers wiene yn swart unifoarm klaaid, dat ôflaat wie fan de Dútske SS. Ein [[1944]] bestie de Germaanske SS yn Nederlân inkeld noch op papier út reden fan it foar de Dútsers kearend tij fan de kriichsomstannichheden.
 
==Literatuer==