Hendrik Hendriks Kramer: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
No edit summary
No edit summary
Rigel 6:
Nei trije jier [[Hegere Boargerskoalle|HBS]] kaam Kramer, fanwege syn oanlis foar tekenjen en timmerjen te wurkjen yn in wurkplak en op in tekenburo. Dêrnei gie hy nei [[Amsterdam]] foar in oplieding op it buro fan [[Cornelis Outshoorn]].<br>
Nei trije jier yn Amsterdam wurke te hawwen, gie hy nei [[Brussel (stêd)|Brussel]], dêr't hy tegearre mei [[Henri Evers]] op ferskate buro's wurke hat. <br>
Nei trije jier Brussel fêstige hy him as selsstannich arsjitekt yn Ljouwert. Yn [[1882]] ûntwurp hy de [[Herfoarme tsjerke (Warstiens)|herfoarme tsjerke]] yn [[Warstiens]], ten noardennoard fan Ljouwert. Ek 'Baensein', de Lânbou-winterskoalle en de MTS binne fan him. Fierders ûntwurp hy in grut tal útienrinnende wurken: tsjerken foar [[Protestantisme|protestantske]] en [[Dopersken|doperske]] gemeenten, skoallen, kantoaren, bankgebouwen, lânhuzen en wenten. <br>
Syn hiele oeuvre toant oan dat hy oer in yngreven kennis fan de klassiken beskikte. Syn âldere wurk is op de wize fan de Flaamse renêssânse, wylst hy yn syn lettere wurk, lykas it argyfgebou fan de 'Algemeene Friesche Levensverzekeringsmaatschappij', in mear eigen wei gie.<br>
Kramer wie ferbûn oan de ôfdieling 'Ljouwert' fan it [[Bûn fan Nederlânske Arsjitekten]]. Hy wie eareboarger fan Ljouwert en jierrenlang foarsitter fan de Fryske provinsjale Skientmekommisje. Hy ferstoar op 83-jierrige leeftyd.