Hûnskrigers: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
No edit summary
 
Rigel 4:
Nei't de Masikota, ien fan 'e meast foaroansteande fan 'e tsien troepen fan 'e Sjajinnen, yn [[1849]] hast hielendal útrûge wiene troch in [[goalera]]-[[epidemy]], waard harren sit yn 'e [[Rie fan Fjouwerenfjirtich]], dy't min ofte mear it regear fan 'e Sjajinske naasje foarme, oernommen troch de Hûnskrigers, dy't tsjin [[1850]] frijwol in aparte troep wurden wiene. Under lieding fan mannen as [[Lange Bolle]] en [[Griis Burd]] kanten se har allegeduerigen oan tsjin fredesopperhaden lykas [[Swarte Tsjettel]] en [[Stiennen Keal]], en namen it foartou yn 'e striid tsjin 'e blanke kolonisten en militêren. Troch de groeiende kleau tusken de Hûnskrigers en de Rie fan Fjouwerenfjirtich waard it genoatskip úteinlik suver ta in trêde diel fan 'e Sjajinske naasje, dat it lân beset hold dat tusken de wengebieten fan 'e [[Noardlike Sjajinnen|Noardlike]] en de [[Súdlike Sjajinnen]] yn lei.
 
De Hûnskrigers wiene berucht om harren agressive (en dêrtroch ek tige effektive) manear fan fjochtsjen. Neffens ien tradysje soene se spesjale, lange muldoeken of "efterskelken" droegen hawwe, wêrfan't se yn 'e slach de útein oan 'e grûn fêstspeetsten, sadat se by wize fan sprekken oan it tsjoar stiene. Dat sil grif mear in symboalyske as praktyske betsjutting hân hawwe, mar it idee wie dat tebekwiken dêrtroch ûnmooglik waard. Tsjin 'e 1860-er jierren giene de Hûnskrigers in bûnsgenoatskip oan mei de [[Komansjen]] (''Comanche'') en de [[Kajowa (folk)|Kajowa]] (''Kiowa''), dat tradysjoneletradisjonele fijannen fan 'e Sjajinnen wiene. Yn [[1869]] waarden de Hûnskrigers troch it Amerikaanske leger hast oan 'e lêste man ta útrûge yn 'e [[Slach by Summit Springs]], wat de ein fan it genoatskip as militêre macht betsjutte.
 
Yn 'e [[ienentweintichste iuw]] binne der berjochten oer in weroplibbing fan it Hûnskrigers-genoatskip yn it [[Noardlike Sjajinne Reservaat]] fan [[Montana]] en ûnder de leden fan 'e [[Sjajinne en Arapaho Stamme fan Oklahoma]].