Untfiering: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 3:
 
==Foarmen==
Der besteane ferskillende foarmen fan ûntfiering. By de "tradysjoneletradisjonele" foarm, dy't oer it algemien mank giet mei [[ôfparsing]] of oare foarmen fan [[sjantaazje]], wurdt immen yn finzenskip nei in ûnbekend plak ta brocht en dêr fêstholden oant syn of har neiste(n) in lospriis betelle hawwe of in beskate tsjinst foar de ûntfierder(s) ferrjochte hawwe. In oare foarm fan ûntfiering is better bekend as [[gizeling]] (net te betiizjen mei it twangmiddel út it [[sivyl rjocht]] dat krekt sa hjit). Dêrby wurdt immen ûnder bedriging fêstholden op in bekend plak. Fan ûntfiering is yn dit gefal inkeld sprake as dat plak in bewegend fiertúch is, lykas in auto. Dat wriuwt dan wer ticht oan tsjin [[kaping]], in foarm fan ûntfiering wêrby't in fier-, far- of fleantúch oernommen wurdt troch de ûntfierders (kapers) en gauris nei in plak ta brocht wurdt dat oarspronklik net de bestimming wie. In [[skaking]], ta einbeslút, is in ûntfiering fan in frou of famke mei har ynstimming (mar net mei dy fan har famylje), mei as doel om mei har te trouwen of gear te wenjen. "Skaking" is in ferâldere útdrukking; as soks tsjintwurdich bart mei in minderjierrige, sprekt men fan "[[ûntlûking oan it âlderlik gesach]]". Fansels komt it ek foar dat minsken (yn 'e regel froulju of bern) ûntfierd wurde mei as doel om harren [[sedemisdriuw|seksueel te misbrûken]]. Yn sokke gefallen wurdt lykwols de eigentlike ûntfiering as bysaak beskôge.
 
==Berne-ûntfiering==