Switserlân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 174:
|}
=== Iten ===
De iterskultuer kin regionaal behoarlik ferskille. Men kin de taalgrinzen brûke om ferskillen oan te tsjutten. De measte lokale spesjaliteiten komme hjoed-de-dei ek yn de oare taalgebieten op it menu. De twa wrâldferneamde tsiisspesjaliteiten binne de fondu en raklette, dy't beide oarspronklik út it Frânsktalige diel fan Switserlân komme. Sawol by de fondu as de raklette giet it om raande tsiis. TradysjoneelTradisjoneel wurdt raklette iten mei ierdappels en augurken. De fondu bestiet út twa soarten tsiis, wite wyn, ''Kirschwasser'' en in bytsje knyflok. De hiele brot wurdt yn in spesjale panne hyt makke. Mei spesjale foarken, dêr't stikken bôle opprykt wurde, wurdt de fondu direkt út de panne iten.
 
In oar resept is rösti. Dat gerjocht komt út it Dútsktalige diel fan Switserlân en joech de namme oan de taalgrins tusken it Frânsktalige en Dútsktalige diel: de ''Röstigraben'' (röstigroppe). Hjoed-de-dei is rösti ek yn de oare taalgebieten fan Switserlân in favoryt gerjocht. De rösti kin sawol as haad- en as bygerjocht servearre wurde.
Rigel 184:
Ta de tradysjonele winter- en maitiidsfeesten hearre it Sinterklaasfeest, ''Weihnachten'', de ''Fasnacht'' en Peaske. De Switserske Sinterklaas of ''Samichlaus'' liket hiel bot op it [[Sinterklaas]]feest en wurdt alle jierren op 6 desimber hâlden. Samichlaus is in minlike biskopsfiguer mei in straffende knecht ''Schmutzli''. Sy bringe swietichheden foar de bern mei. Oarsom sjonge de bern lieten foar Samichlaus en se drage dichtwurken foar. ''Weihnachten'' is Dútsk foar kryst en wurdt tsjintwurdich ek fierd mei krystbeam en geskinken. De ''Fasnacht'' is ûnderdiel fan it karnavalfeest. Ien kear yn ’t jier ferklaaie de Switsers har op feestlike wize en drage dêrby in passend masker. De tradysjes yn de Fasnacht kinne regionaal hiel ferskillend wêze, mar oer it generaal giet it om in miks fan heidenske maitiidsbrûkmen en kulturele kristlike uteringen. It giet derom dat de winterlike demoanen en geasten ferdreaun wurde, ornaris mei in alderheislikst leven. Belangryk ûnderdiel fan dat feest is ek de ''Guggenmusik'' (of ''Guggamusik''). De maitiid begjint ornaris mei [[Peaske]] (''Ostern'') en dy wurdt krekt as yn in protte oare lannen fierd mei sûkelarje peaskehazzen en kleurde aaien. Lokaal binne der noch folle mear tradysjes bewarre bleaun. Ien fan de grutste lokale feesten dy’t nasjonaal omtinken krijt is it ''Sechseläuten'' yn [[Surich]]. Dat wurdt meastal de tredde sneins fan april dien en liket op it Noardfryske [[Biikebrennen]]. Op in grut plein yn de stêd stiet in bulte brânhout mei in grutte pop derop. Om de bulte hinne steane tûzenen Switsers yn histoaryske klaaiïnge. De pop op de bulte hout wurdt de ''Böögg'' dy’t de winter symbolisearje moat. Hy wurdt wei yn de flammen fan it brânhout.
 
Yn de simmer en hjerst binne de nasjonale feestdei, it ''Höhenfeuer'', de ''Alpabzug'' en de ''Zibelimärit'' de wichtichste feesten. De oprjochting fan de Switserske Konfederaasje wurdt fierd op 1 augustus en is de nasjonale feestdei. Op de ''Rütliwiese'', dêr’t fertsjintwurdigers fan de trije oerkantonnen Uri, Schwyz en Unterwalden swoarn hawwe inoar by te stean tsjin oanfallen fan bûten, wurde de offisjele feestlikheden hâlden. De tradysje ''Höhenfeuer'' hat in lange skiednis. Eartiids waarden grutte brânbulten makke dy’t fan fierôf sichtber wienen. Sy waarden brûkt om de befolking te warskôgjen foar gefaar. Simmerjûns wurde sokke brânbulten oanstutsen. Oan ’e ein fan de simmer fine yn Switserlân de ''Alpabzüge'' plak. De kij wurde, feestlik mei blommen optúgd, fan de hege greidfjilden yn de Alpen nei de legere dellingen brocht. Yn in protte plakken wurde boeremerken mei feemerken hâlden. De boeren, hannelers en besikers ferstrûpe harsels yn tradysjoneletradisjonele klaaïnge. De ''Zibelimärit'' is in hjerstfeest, de tiid fan de rispinge. Rûnom binne feemerken en de ferneamdste is yn [[Bern]]. Dy merk hat as namme ''Zibelimärit'', Sipelmerk, en fynt alle jierren plak yn novimber.
 
=== Sport ===