Rudolf fan Fulda: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
LNo edit summary
L [[]]
Rigel 1:
'''Rudolf van Fulda''' (?, foar [[800]] – [[Fulda]], [[8 maart]] [[865]]) wie [[kronykskriuwer]], [[learaar]] en [[teolooch]] oan it [[Kleaster Fulda|kleaster fan Fulda]] ([[Dútslân]]). Dêr studearre hyer by [[Hrabanus Maurus]] en soe ien fan de meast foaroansteande gelearden fan syn tiid wurde.
 
Yn [[822]] waard Rudolf oansteld as haad fan de kleasterskoalle en waard fiif jier letter ta [[preester]] wijd. Doe't Hrabanus aartsbiskop fan [[Mainz]] waard ([[847]]) gie Rudolf mei him mei, mar kaam úteinlik dochs werom nei Fulda, dêr't hy yn [[865]] ferstoar.
 
As syn wichtichste wurk wurdt de ''Translatio sancti Alexandri'' beskôge. Mei as foarbyld de [[De origine et situ Germanorum|Germania]] fan [[Publius Cornelius Tacitus|Tacitus]] beskreau Rudolf de ierste skiednis fan de [[Saksen (folk)|Saksen]] en harren bekearing ta it [[kristendom]].