Marinierskorps: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
L wurdkar
Rigel 7:
Histoarysk tsjinnen mariniers oan board fan [[oarloch]]s[[skip]]pen, en bestie harren wurk der benammen út om oare skippen te [[interjen]] en om soarch te dragen foar de dissipline oan board fan it eigen skip. Dêrnjonken fierden mariniers [[lâning (oarlochfiering)|lânings]] út op ûnbekende of fijannige kusten. De taken fan moderne mariniers ferskille per lân. Yn [[Nederlân]] en it [[Feriene Keninkryk]] binne it [[Korps Mariniers]], resp. de [[Keninklike Mariniers (Feriene Keninkryk)|Keninklike Mariniers]] (''Royal Marines'') as ûnderdiel fan 'e [[marine]] útrist as [[lichte ynfantery]]. Dêrtroch binne se fluch en mobyl ynsetber mei in lichte bewapening. Yn [[Frankryk]] falle de yn lâningsoperaasjes spesjalisearre ''[[Troupes de Marine]]'' ûnder de lânmacht, wylst de ''[[Fusiliers Marins]]'' (mei befeiligingstaken) en de ''[[Commandos Marine]]'' (in [[kommando's|kommando]]-ienheid) beide ta marine hearre.
 
Yn 'e [[Feriene Steaten]] foarmet it [[Amerikaanske Marinierskorps]] (''United States Marine Corps'') in selsstannige tûke fan 'e [[striidkrêften]], los fan 'e [[Amerikaanske Marine]]. It USMC beskikt oer swiere meganisearre gefjochtsienheden mei [[tank]]s, (amfibyskeamfibysk) [[pânserfiertúch|pânserfiertugenpânserreau]], [[artillery|swier geskut]] en eigen [[gefjochtsfleantúch|gefjochtsfleantugen]] en [[helikopter]]s foar stipe út 'e loft. Dêrmei is it USMC eins in soarte fan twadde lânmacht, en yn 'e [[Irakoarloch]], bygelyks, hat it yn [[Ar-Ramadi]] en [[Fallûdja]] fochten, op hûnderten kilometers ôfstân fan 'e see. Dêrnjonken binne de mariniers ek ferantwurdlik foar de befeiliging fan Amerikaanske [[ambassade]]s en [[konsulaat (diplomasy)|konsulaten]] yn it bûtenlân.
 
{{boarnen|boarnefernijing=