Amerikaanske Unôfhinklikheidsferklearring: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Sybrand (oerlis | bydragen)
Makke troch it oersetten fan 'e side "Amerikaanse Onafhankelijkheidsverklaring"
 
Sybrand (oerlis | bydragen)
bettere keppeling foar New York
Rigel 1:
[[Ofbyld:Drafting_of_the_Declaration_of_Independence.jpg|thumb|329x329px|Franklin, Jefferson, Adams, Livingston, en Sherman by it opstellen fan de ferklearring yn 1776. Gravuere nei Alonzo Chappel.]]
[[Ofbyld:United_States_Declaration_of_Independence.jpg|thumb|309x309px|Unôfhinklikensferklearring]]
De '''Amerikaanske Unôfhinklikensferklearring''' of '''Declaration of Independence''' is de ûnôfhinklikensferklearring fan de [[Feriene Steaten]] dy't foar in grut part opsteld waard troch Thomas Jefferson en dy't troch fertsjintwurdigers fan 12 fan de doe 13 [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] koloanjes oannommen waard op 4 july 1776. De steat [[New York (steat)|New York]] sleat him oan by de ferklearring op 9 july 1776. De ferklearring hold de ûnôfhinklikens fan de Britske monargy yn. Dy ûnôfhinklikens waard yn de ferklearring rjochtfeardige troch in tal "wierheden" dy't de ûndertekeners "fanselssprekkend" fûnen: dat alle minsken gelyk skepen waarden, dat se troch harren skepper útrisse binne mei bepaalde rjochten en dat ûnder dy rjochten falt: it rjocht op libben, op frijheid en op it neistribjen fan gelok. Under de ferklearring steane 56 hantekeningen. Ien dêrfan is fan John Hankock. Hy skreaun, sa giet it ferhaal, syn hantekening sa grut, dat de Britske Kening him sûnder bril lêze kinne soe.
 
Tusken 1775 en 1783 wie de [[Amerikaanske Unôfhinklikenskriich]] oan de gong yn de trettjin koloanjes oan de eastkust fan Amearika. De kriich waard fierd tusken de Amerikaanske ynwenners fan dizze koloanjes en de doe noch hearskjende Britten. De reden foar de kriich wie de wil fan de Amerikanen om ûnôfhinklik te wurden.