Klotildis: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
No edit summary
Rigel 1:
[[Ofbyld:Sainte clothilde.jpg|thumb|200px|right|In miniatuer dêr't Klotildis de hillige Marten fan Tours op ferearet]]
De hillige '''Klotildis''' ([[Lyon]], [[475]] - [[Tours]], [[3 juny]] [[545]]) wie de frou fan [[Franken|Frankyske]] kening [[Klovis]]. Sy is de [[patroanhillige]] foar de froulju, de lammen en de notarissen. Troch [[Roomsk-Katolike Tsjerke|Katoliken]] wurdt sy oanroppen tsjin koarts, bernesykten, en de hommelske dea en ek foar bekearing fan de oare helte. Har [[hjeldei]] is op [[3 juny]].
 
== Libben ==
Klotildis wie in [[Boergonden|Boergondyske]] keningsdochter. Har heit wie [[Gilperik II (fan de Boergonden)|Gilperik II]], ien fan de trije Boergondyske keningen dy't tsjininoar om de allinnich hearskippijautokrasy stride soenen. Gilperik waard mei syn frou yn [[493]] slachtoffer fan de kriich om de macht en fermoarde troch syn broer [[Gundobad]]. Klotildis koe nei de dea op har âlden mei har suster flechtsje en waard fierder opfiedeopbrocht troch har oomomke [[Gundomar]] yn [[Genêve]].
 
Yn [[491]] troutboasket sy mei de Frankyske kening [[Klovis I]]. Ien fan de houliksbetingsten hâlde yn dat Klovis it Katolike leauwen fan har respektearje moast. Hy sels wie oanhinger fan it [[Arianisme|Arianyske kristendom]]. As harren âldste soan komt te ferstjerren foar syn doopsel en de twadde nei syn doopsel slim siik wurdt, tinkt Klovis ynearsten dat dat komt troch de god fan syn frou. As úteinlik blykt dat syn twadde soan better wurdt en hy ek noch de wichtige slach by [[Slach by Tolbiak|Tolbiak]] tsjin de [[Allemannen]] wint, lit Klovis him op [[krystdei]] [[498]] yn [[Reims]] dope ta it Katolike leauwen troch de hillige [[Remigius fan Reims|Remigius]].
 
Nei Klovis syn dea yn [[511]], reizget Klotildis it lân troch en stiftet rûnom kleasters. Lang om let lûkt sy har tebek yn it kleaster fan [[Tours]].