Dronryp: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
L red
Rigel 28:
Dronryp beslacht likernôch 214&nbsp;[[hektare|ha]], wêrfan't 9&nbsp;ha út [[oerflaktewetter]] bestiet.<ref>[https://drimble.nl/buurten/19080001/dronrijp.html Statistyske ynformaasje oer Dronryp]</ref> It doarp leit yn it noardwestlike diel fan 'e provinsje [[Fryslân]], op 'e [[Klaaistreek|Klaai]], likernôch 8 km rjocht bewesten [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]]. Fuort besiden it doarp leit de âlde súdgrins fan 'e [[Bouhoeke]], dêr't oant in jier as tritich lyn de [[Greidhoeke]] begûn en dy beide [[lânbou]]gebieten mei in frij skerpe demarkaasjeline faninoar skaat waarden. Tsjintwurdich is dy oergong lykwols folle stadiger, mei't yn 'e Bouhoeke it [[greidlân]] optein is, wylst troch de bou fan [[maïs]] no yn 'e Greidhoeke ek wol [[boulân]] foarkomt. Likernôch op datseldichste plak, fuort besuden Dronryp, leit in grut ferhef yn it lân, dat yn 'e lêste [[iistiid]] opsmiten is troch de [[gletsjer]]s, en dêr't no de súdlike tagongswei oerhinne rint.
 
Dronryp hat foarhinne altyd ta de gemeente [[Menameradiel]] heart, oant it per [[1&nbsp;jannewaris]] [[2018]] ûnder de nije fúzjegemeent [[De&nbsp;Waadhoeke]] kaam te fallen. De Rypster [[himrik]] grinzget yn it noarden oan [[Menaam]], yn it noardwesten oan [[Skingen]] en yn it easten oan [[Deinum]] en [[Blessum]]. Yn it westen grinzget Dronryp oan it [[Frjentsjerteradiel]]ster doarp [[Sweins]], en yn it suden (fan west nei east) oan 'e [[Littenseradiel]]ster doarpen [[Wjelsryp]], [[Baaium]], [[Winsum (Fryslân)|Winsum]], [[Húns]] en [[Hilaard]]. It doarp Dronryp sels leit ynklamme tusken de [[Rykswei 31]] oan 'e noardkant en it [[Van Harinxmakanaal]] oan 'e súdkant, al stekt de beboude kom in lyts eintsje oer dat wetter hinne út. In kilometer as twa besuden it doarp leit de [[útbuorren]] [[Hatsum]], mei in eigen [[Stasjon Dronryp|eigen stasjon]] oan it [[spoarwegen|spoar]] fan [[Stasjon Ljouwert|Ljouwert]] nei [[Stasjon Harns Haven|Harns]]. Eastlik fan 'e beboude kom, oan it Van Harinxmakanaal, leit [[De Puollen (Dronryp)|De Puollen]], dat foarhinne ek as in útbuorren beskôge waard.
[[File:Dronrijp.DePosthoorn.JPG|thumb|250px|Kafee ''De Posthoorn'']]
[[File:Dronryp StatesPleatsen.jpg|thumb|250px|States en pleatsen yn en om Dronryp ([[Schotanusatlas]])]]
Rigel 74:
[[File:Dronrijp.Vredenhof.uitbreiding-01.JPG|left|thumb|250px|De útwreiding fan it [[gasthûs]] "Vredenhof", oan It Heech, fan 'e sydkant ôf besjoen.]]
 
Yn 'e Rypster [[himrik]] steane fierders in trijetal [[poldermûne]]n: [[De Puollen]], [[Keimpetille (mûne)|Keimpetille]] en de [[Hatsumermûne]]. De Puollen, dy't yn 'e eardere útbuorren mei deselde namme likernôch 1 km eastlik fan it doarp stiet, is in [[grûnsiler]] dy't yn [[1850]] boud waard foar de bemealling fan 'e 365 ha grutte Easterpolder, tsjintwurdich ûnderdiel fan 'e polder De Puollen. Lang ferkearde dizze mûne yn in ferfallen steat, mar yn [[1984]]/[[1985]] is er restaurearre, en hoewol't er net mear oansletten is op 'e Fryske [[boezem (wetter)|boezem]], is er noch wol mealfeardich. De grûnsiler Keimpetille stiet súdwestlik fan 'e Rypster buorren, oan 'e súdkant fan it Van Harinxmakanaal, foar de eigentlike útbuorren [[Keimpetille]] oer, dy't oan 'e noardkant fan it kanaal yn [[Frjentsjerteradiel]] leit. Dizze mûne datearret út [[1870]] en waard yn [[1987]] op syn hjoeddeistige lokaasje pleatst om 'e Hatsumerpolder te bemeallen. De Hatsumeremûne[[Hatsumermole]], ta einbeslút, stiet súdlik fan Dronryp yn 'e útbuorren [[Hatsum]]. Dit is ek al in grûnsiler, dy't yn [[1878]] boud waard foar de bemealling fan 'e 60 ha grutte polder Sikma. Hy is yn [[1988]]/[[1989]] restaurearre en yn [[2003]] fan in nije kap foarsjoen. Alle trije poldermûnen binne eigendom fan 'e [[Stifting Moles yn Menameradiel]] en kinne op ôfspraak besichtige wurde.
[[File:Dronrijp - molen De Poelen.jpg|right|thumb|250px|De [[mûne]] [[De Puollen]], by Dronryp.]]
 
== Mienskip ==
Dronryp beskikt oer in iepenbiere [[bibleteek]], in [[supermerk]] en ferskate oare [[winkel]]s. Der binne trije [[basisskoalle]]n, wêrfan't de Iepenbiere Basisskoalle "De Romte" de âldste is. De roomske Sint-Radbodusskoalle waard yn [[1875]] iepene, en de Kristlike Basisskoalle "It Anker", stifte troch [[Nederlânsk Herfoarme Tsjerke|otterdoks-herfoarmden]] en [[Grifformearde Tsjerken yn Nederlân|grifformearden]], datearret fan [[1908]]. Foar senioaren is der it soarchstipepunt "Drenningahof" en Stifting "It Palet". Foar de [[jongerein]] wie der earder it jeugdsintrum "Interije".

It [[molkfabryk]] "De Takomst" (oprjochte yn [[1892]] as "De Volharding"), dat op [[6 novimber]] [[2009]] noch lanlik yn it nijs kaam doe't der in wolk [[salpetersoer]] ûntsnapte, moast yn [[2011]] slute. Oan it Van Harinxmakanaal stiet noch wol de [[hin]]neslachterij fan Van der Meer, dy't no ien fan 'e grutste wurkjouwers yn it doarp is. Yn 'e [[buorskip]] [[Hatsum]] leit it [[Stasjon Dronryp]] oan it [[spoar fan Ljouwert nei Harns]]. Fuort dêrnjonken stiet it [[restaurant]] ''[[Op Hatsum]]''.

It [[doarpskrante|doarpsblêd]] fan Dronryp hjit ''De Gearfetter''. Alle jierren is wurdt yn it doarp de [[Rypster Merke]] holden, de grutste [[merke|doarpsmerke]] fan [[Noard-Nederlân]].
[[File:Op Hatsum2.jpg|right|thumb|250px|It [[restaurant]] ''[[Op Hatsum]]'', yn 'e [[buorskip]] [[Hatsum]].]]
 
=== Ferienings ===