Dronryp: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
L red
Rigel 46:
 
Neitiid rekken de âlde haadlingelagen fan Dronryp, ynsafier't se net útstoaren, yn jildpine, mei as gefolch dat de staten fan it doarp stadichoan ôftakelen. Fan Fetsastate, bygelyks, is bekend dat om [[1700]] hinne de doetiidske eigner, Teake Sybrand Camminga fan Burmania, de seis rigen [[yp|ipebeammen]] oan 'e opreed, dy't de pronk fan it doarp wiene, foar heal jild foar it hout ferkeapje moast. Tsjin [[1750]] wie Fetsastate in ferfallen rottekleaster wurden. Ek Osingastate en Hommemastate waarden al ier wei, mar de oaren bleaune likemin sparre. Hobbemastate, dat tsjin 'e ein fan 'e [[achttjinde iuw]] ôfbrutsen waard, hold it noch it langste út. Inkeld in folle jonger slot, [[Skatzenburch]], dat yn 'e saneamde Kwestjebosk drekt benoarden it doarp stiet (oan 'e noardkant fan 'e [[A31]]), bestiet noch altyd. Skatzenburch (dat net betize wurde moat mei it rekreaasje-oard ûnder [[Menaam]], dat dernei ferneamd is) waard yn [[1698]] boud yn opdracht fan [[Harmannus Huber]], de siktaris fan 'e [[Steaten fan Fryslân]].
[[File:Dronrijp - molen Kingmatille vanaf de openbare weg.jpg|left|thumb|200px|De [[mûne]] [[Keimpetille (mûne)|Keimpetille]].]]
 
Wat it sljochtwei folk oanbelange, dat hie it yn 'e [[achttjinde iuw]] net maklik, mei't Fryslân yn dy tiid troch de [[feepest]] troffen waard, in besmetlike feesykte dy't yn [[juny]] [[1714]] yn De Puollen by Dronryp foar it earst útbrutsen liket te wêzen. De sykte bleau jierrenlang omwaarjen, wêrby't ferskate boeren mear as ien kear yn har libben har hiele feebestân kwytrekken (yn in tiid dat [[fersekering]]en noch net bestiene). Yn it boek ''Skiednis fan Menameradiel'' makket O. Santema melding fan in Piter Hindriks Hiemstra, dy't yn [[1740]] yn [[Ypekolsgea]] berne waard, [[boere-arbeider]] waard te [[Iens]], troude mei in boeredochter en sadwaande yn [[Tsjom]] op 'e pleats kaam en dêr 37 jier buorke, mar twaris al syn bisten ferlear oan 'e feepest. Nei de twadde kear moast er fan 'e pleats ôf en waard er mei 60 jier [[kastlein]] yn [[Blauhûs]], dêr't syn frou stoar. Fjouwer jier letter wied er wer opklaud ta pachtboer, diskear yn Dronryp, dêr't er nochris 33 jier buorke. Op syn 97ste, nei 70 jier boer west te hawwen, sette er him yn [[1837]] nei wenjen yn in boargerhúske yn 'e buorren, mar doe't dat ôfbrutsen wurde moast, gied er by de bernsbern yn, dêr't úteinlik op [[4 novimber]] [[1844]] yn 'e hege âlderdom fan 104 jier kaam te ferstjerren.
[[File:Dronrijp - molen Kingmatille vanaf de openbare weg.jpg|left|thumb|200px|De [[mûne]] [[Keimpetille (mûne)|Keimpetille]].]]
 
Tsjin dy tiid wie Dronryp troch de bank nommen in frij woltierich doarp, ek al sil it grif syn earmen hân hawwe. Mar yn [[1850]] krige it as ien fan 'e earste doarpen yn 'e wide omkriten [[strjitferljochting]], neffens Santema "''in healwizichheit, dêr't men yn oare doarpen it nut net fan ynseach en dat ek planút sei.''"<ref>Santema, O., ''Dronryp'', yn: Santema, O., en Ypma, dr. Y.N., ûnder redaksje fan, ''Skiednis fan Menameradiel'', s. 404.</ref> Om deselde tiid hinne krige Dronryp in wolfoarsjoene [[bibleteek]], en wie der in heech oanskreaune (iepenbiere) [[legere skoalle]]. Teffens naam de [[skipfeart]] oer de Harnzer Trekfeart ta, wêrfan't Dronryp profitearre. Yn [[1951]] kaam de ferbreding en ferjipping fan 'e [[feart]] ree, dy't him tagonklik meitsje moast foar de moderne skipfeart. De Harnzer Trekfeart waard doe omnamme ta it [[Van Harinxmakanaal]]. Yn [[1863]] kaam it [[spoarwegen|spoar]], en krige Dronryp daliks in stasjon (te Hatsum). Der waard in [[strjitwei]] oanlein fan Frjentsjer nei Ljouwert, dy't oan 'e noardkant by it doarp lâns rûn. Fan [[1900]] ôf ried dêr de [[tram]], en sûnt de 1930-er jierren de [[autobus|bus]].
[[Ofbyld:Dronryp d'âlde wite.JPG|right|thumb|300px|[[D' Alde Wite]], de [[protestantisme|protestantske]] [[tsjerke]] fan Dronryp.]]
[[File:Eise Eisinga stânbyld Dronryp.JPG|right|200px|thumb|De[[stânbyld|buste]] fan [[Eise Eisinga]] yn syn berteplak Dronryp.]]
 
Yn it lêst fan 'e [[Twadde Wrâldoarloch]], op [[woansdei]] [[11 april]] [[1945]], brochten de [[Dútslân|Dútsers]] fjirtjin gizelders út it hûs fan bewar yn Ljouwert nei Dronryp ta, nei't it Rypster ferset mei springstof tusken Ljouwert en Frjentsjer in [[trein]] ûntspoare litten hie. Om't de [[brêge]] oer it nije [[kanaal (wetterwei)|kanaal]] iepenset wie, en men dêr dus net fierder koe, waarden de finzenen dêr út 'e frachtwein helle en oan 'e [[igge]] fan it kanaal, oan 'e westkant njonken it [[talud]] fan 'e brêge, deasketten. Op it plak dêr't dizze [[Dronryp-represaille]] útfierd waard, stiet noch altyd in [[tinkteken]] yn 'e foarm fan in grut wyt krús. De nammen fan 'e slachtoffers binne: Sybrandus van Dam, Oudger van Dijk, Johannes Marinus Ducaneaux, Heinrich Harder, Dirk de Jong, Hendrik Jan de Jong, Ruurd Kooistra, Johannes Nieuwland, Hendrik Joze Spoelstra, Douwe Tuinstra en de bruorren Egbert Mark Wierda, Klaas Jan Wypcke Wierda en Hyltje Wierda. De fjirtjinde man, Gerard de Jong, waard neitiid troch it ferset swier ferwûne tusken de liken fan 'e oare slachtoffers weihelle, en oerlibbe de moardpartij op wûnderbaarlike wize, temear om't de slachtoffers ûnder skerpe Dútske bewekking 24 oeren ûnoanroerd bleaune.
[[Ofbyld:Dronryp d'âlde wite.JPG|right|thumb|300px|D'Alde Wite, de [[protestantisme|protestantske]] [[tsjerke]] fan Dronryp.]]
 
==Doarpsbyld==
Line 59 ⟶ 60:
 
De [[tsjerketoer|toer]] is yn [[1544]] boud en bestiet út sterk fersnijende lidden dy't bekroane binne mei in trêde lid dat in achtsidige, iepenwurke foarm hat dy't ek wol in "lantearne" neamd wurdt. Sokke tuorren komme wol mear foar yn [[Seelân]], en ek yn [[Elst]], yn 'e [[Betuwe]], mar yn Fryslân sjocht men dizze foarm inkeld yn [[Pepergea]] werom. De súdyngong fan 'e toer hat in [[fronton (boukunde)|fronton]] mei in deadskop flankearre fan twa [[obelisk]]en. Njonken de yngong befynt him in tinkstien ta oantins oan [[Eise Eisinga]]. De fronton boppe de eastyngong hat trije bylden fan 'e [[kristendom|kristlike]] [[deugd]]en [[leauwe]], [[hope]] en [[leafde]]. Yn 'e toer hongen foarhinne twa [[tsjerkeklok|klokken]], in grutten en in lytsen. De grutte, dy't der noch altyd hinget, waard yn [[1493]] getten troch [[Geert van Wou]]. De lytse klok datearre fan [[1632]] en wie getten troch [[Hans Falck van Neurenberg]], út Ljouwert, mar dy is yn 'e besettingstiid troch de Dútsers opfoardere en omsmolten.
[[File:Dronrijp.RKkerk.MariaGeboorte-2.JPG|left|thumb|200px|De [[roomsk-katolisisme|roomske]] [[Marije Bertetsjerke (Dronryp)|Marije Bertetsjerke]].]]
 
De [[roomsk-katolisisme|roomske]] [[Marije Bertetsjerke (Dronryp)|Marije Bertetsjerke]] datearret út [[1839]], doe't der nei iuwen fan inkeld [[gewissefrijheid]] (wêrby't de roomsen en [[minnisten]] yn [[skûltsjerke]]n gearkomme moasten), wiere [[godstsjinstfrijheid]] yn [[Nederlân]] kaam. Mei't de âlde roomske (skûl)tsjerke boufallich wie, waard doe besletten dat der in nij gebou komme moast, mar de gemeente wie te earm om dat sels te bekostjen. Dêrta sprong it Ryk doe by mei in subsydzje fan ƒ8.000. De nije [[Wettersteatstsjerke]] waard ûntwurpen troch [[arsjitekt]] [[A. van der Moer]], en krige persiis hûndert jier nei de bou in oanpaste [[foargevel]] en in opfallende toer. Dy nije eleminten waarden ûntwurpen troch [[J.M. van Hardeveld]].