Jaap-Jelle Feenstra: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
Rigel 1:
[[Ofbyld:Installatie nieuwe PvdA-Kamerleden, Joop van den Berg en Jaap Jelle Feenstra V, Van den Berg en Feenstra - NL-HaNA AnefoBestanddeelnr 934-1736 WM620.jpg|thumb|''Jaap Feenstra (rjochts) en [[Joop van den Berg (Twadde Keamerlid)|Joop van den Berg]] (links) by harren ynstallaasje yn de Twadde Keamer yn 1988]]
'''Jaap-Jelle Feenstra''' ([[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]], [[24 oktober]] [[1954]]) is in politikus foar de [[Partij fan de Arbeid]] en earder Twadde Keamerlid. Oarspronklik wie hy oplaat ta dosnint yn de natuerkunde en biology. Yn 1977 waard hy lid fan de Partij fan de Arbeid, en yn 1979 waard hy beliedsmeiwurker yn it [[Europeesk Parlemint]]. Fan 1981 - 1988 wie hy meiwurker en koördinator by it [[Sintrum foar Enerzjybesparring en Skjinne Technology]] te [[Delft]]. Yn 1987 waard hy foar de PvdA lid fan de [[Provinsjale Steaten]] fan [[Utert (provinsje)|Utert]]. Jannewaris 1988 waard hy lid fan de Twadde Keamer, en yn 1989 (mei in yntermezzo fan inkele moannen) nochris. Yn 1994 ferliet hy de Keamer foar inkele jierren en waard hy sekretaris by it [[Ynter Provinsjaal Oerlis]], wêrnei't hy yn 1997 wer weromkaam yn de Keamer, om lid te bliuwen oant 2002.