Ferskil tusken ferzjes fan "Marije Magdalena"

L
opmaak bytsje oars
L (opmaak bytsje oars)
[[File:Mariya Magdalena.jpg|thumb|300px|Marije Magdalena<br><small>skildere troch [[Frederick Sandys]]</small>]]
 
'''Marije Magdalena''' (ek: '''Marije fan Magdala''', '''Maria Magdalena''' en '''Maria fan Magdala''') is in persoan út it [[Nije Testamint]]. Marije Magdalena wie oanwêzig by it krúsigjen fan [[Jezus Kristus|Kristus]] en wie njonken de [[Marije (mem fan Jezus)|Faam Marije]] en [[Marije Salomé]] ien fan de trije Marijes, dy't tsjûge wiene fan de ferrizenis fan [[Jezus Kristus|Jezus]]. De namme Magdala ferwiist nei it plak [[Magdala]] oan de [[Mar fan Tiberias|Mar fan Galilea]] yn [[Israël]]. Har feestdei is op 22 july fêststeld.
 
== Bibelske beskriuwing ==
[[File:Brooklyn Museum - The Magdalene Before Her Conversion (Madeleine avant sa conversion ) - James Tissot - overall.jpg|thumb|250px|left|Marije Magdalena foar har bekearing ([[James Tissot]])]]
[[File:Ivanov, Alexander - The Appearance of Christ to Mary Magdalene - 1834-1836.jpg|thumb|250px|left|De ferskining fan Kristus foar Marije Magdalena (Alexander Ivanov, 1834-1836)]]
[[File:Magdalena by Julio Romero de Torres.JPG|thumb|250px|left|Marije Magdalena (Julio Romero de Torres)]]
Marije Magdalena wie ien fan de froulju dy't Kristus en syn apostelen folge, wylst Kristus it bliid boadkip ferkundige. Neffens [[Evangeelje fan Lukas|Lukas]] 8:2 en [[Evangeelje fan Markus|Markus]] 15:47 hie Kristus earder by har sân demonen útband. De [[Bibel|Skrift]] jout fierder net folle ynformaasje oer Marije Magdalena, mar hja fersoarge mei in tal oare froulju Jezus en syn dissipels en bleau Jezus oant [[Jeruzalim]] folgjen.
 
84.837

bewurkings