Jorwert: ferskil tusken ferzjes
Content deleted Content added
L bettere flagge en wapen (svg ynstee fan gif en jpg) |
L Gjin haadletter, it is gjin Ingelsk |
||
Rigel 23:
Yn de lette midsiuwen waard foar it hiele goa by tsjerklike en boargerlike sittings rjocht sprutsen yn Jorwert. Hjir siet om 1400 hinne it haaddekanaat.
Oant [[1984]] wie it doarp Jorwert part fan de gemeente [[Baarderadiel]]. Sûnt [[1991]] hat it syn Fryske namme mei in -t op it ein as offisjele namme. It doarp waard om it jier 2000 hinne nasjonaal bekend troch in boek fan de skriuwer [[Geert Mak]], ''[[Hoe God
Jorwert hat in tsjerke, dy't foar in part út [[dowestien]] oplutsen is. It skip is ier [[12e iuw|12e-iuwsk]]. By restauraasjewurk moarns [[25 augustus]] [[1951]] om 7 minuten oer fiven stoarte de toer fan de Redbadtsjerke yninoar. Tanksij in aksje, dêr't no noch it tradisjonele [[Iepenloftspul Jorwert]], yn de [[notaris]]tún, oan te tankjen is, koe de toer wer hiel gau werboud wurde. Dit tige populêre [[iepenloftspul]] wurdt opfierd yn de moannen [[augustus]] en [[septimber]]. Fierders waard fan [[1979]] oant [[1993]] yn in [[greide]] by Jorwert, dy't bekendstiet as de Reidpôle, it [[muzykfestival]] [[Mukpop]] holden. Yn [[2018]] waard dat nei in fearnsiuw op 'e nij organisearre, yn 'e hope it [[evenemint]] foargoed nij libben yn te blazen.
|