Maria Montessori: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L wurdkar
Rigel 1:
[[Ofbyld:Maria Montessori.jpg|thumb|right|300px250px|Maria Montessori]]
[[Ofbyld:Italia 200 lire Montessori.JPG|thumb|right|200px|Maria Montessori op in Italiaanske Lire]]
'''Maria Montessori''' ([[31 augustus]] [[1870]] – [[6 maaie]] [[1952]]) is betinker fan de [[Montessori-metoade]], in ûnderwiis-fernijings-metoade.
Rigel 17:
Yn 1916 sette se har ta wenjen yn [[Barselona]], dêr't se oan't [[1936]] bliuwe soe. Yn de tuskentiid hat se ek noch twa jier yn Itaalje west. Yn [[1934]] ferliet Maria Montessori Itaalje; [[Mussolini]] woe mear te sizzen hawwe oer lessystemen. Hy woe bygelyks skoalle-unifoarmen. Dat wie foar Maria Montessori net akseptabel. Fan de iene op oare dei hold it Montessori-ûnderwiis yn Itaalje op te bestean. Maria Montessori gie werom nei Barselona. Mar yn 1936 moast se dêr ek wer wei troch de [[Spaanske boargeroarloch]]. Se gie fan [[Spanje]] nei [[Ingelân]]. Dêr waard it Fiifde Ynternasjonaal Montessori-kongres hâlden. Sy prate dêr foar it earst oer it fuortset ûnderwiis en lansearret it [[Erdkinder-plan]]. Datselde jier noch, fêstige sy har yn [[Nederlân]]. Yn Nederlân stiet ek no noch it haadkertier fan de Montessori-beweging. Yn [[Laren]] waard in Montessori-skoalle iepene. Maria Montessori wie fan doel om dêr fiif moanne yn it jier les te jaan. Yn oktober [[1939]] ferliet sy Nederlân mei har soan Mario. Se gongen nei [[Yndia]]. Yn Yndia joech se in grut tal lêzings, organisearre troch de [[teosofy|teosofyske beweging]]. Ek joech sy Montessori-kursussen oer de Montessori-metoade.
 
Troch it útbrekken fan de [[Twadde Wrâldkriich]] waard it in lange reis fan wol 6 jier. Yn [[1946]] kaam se werom nei Nederlân. Fjouwer jier letter waard se beneamd ta [[offisier yn de oarder fan Oranje Nassau]]. Ek krige se in [[earedoktoraat]] oan de [[Frije Universiteit]]. <br>
Op [[6 maaie]] [[1952]] kaam se te ferstjerren, in pear moanne foar har 82e jierdei. Maria Montessori waard beïerdige yn [[Noardwyk]].
Maria Montessori leit begroeven yn [[Noardwyk]].
 
{{DEFAULTSORT:Montessori, Maria}}