Anke de Jong: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
L →‎Karriêre: mei in e, tut tut LC
 
Rigel 28:
As ûnderdiel fan har [[stúdzje]] yn Amsterdam rûn De Jong [[staazje]] by it [[tydskrift]] ''[[JAN]]'', dêr't se nei ôfrin fan 'e staazjeperioade in [[bybaan]]tsje wist te bemachtigjen. Nei har ôfstudearjen wurke se as [[marketingmanager]] by ''[[Hide & Chic]]'' en dêrnei beklaaide se deselde funksje by de [[Gijrath Media Groep]], foar de tydskriften ''[[Jackie (tydskrift)|Jackie]]'', ''[[JFK (tydskrift)|JFK]]'' en ''[[Miljonair Magazine]]''. Dêrnei klom se op ta [[brandmanager]] ("merkmanager") by it moadeblêd ''[[Glamour (tydskrift)|Glamour]]'', dêr't yn [[2016]] oansteld waard as [[haadredaktrise]]. Mei har 29 jier wie se doe de jongste haadredakteur dy't ''Glamour'' ea hân hie.
 
By ''Glamour'' moast De Jong omgean mei de algemiene delgong dêr't alle printe media mei kampe troch de [[ûntlêzing]] en de opkomst fan [[sosjale media]]. De [[oplaach]] fan it blêd gie mei de helte omleech en de [[omset]] keldere. Under lieding fan De Jong sette ''Glamour'' folop yn op 'e [[online]]ferzje. Net allinnich dat, mar it blêd begûn ek eltse [[moanne (tiid)|moanne]] in [[evenemint]] foar lêzeressen te organisearjen dêr't flink oan fertsjinne wurde koe. Fierders gie ''Glamour'' yn see mei ynternasjonaal ferneamde [[floch|floggers]] en [[model (berop)|modellen]], lykas [[NikkiNikkie Tutorials]] en [[Ashley Graham]], sadat der ek foardiel helle waard út 'e sosjale media. It blêd sette Glamour BeautyTV en GlamourTV op, [[ynternet]]kanalen dêr't flochsters en redaktrises it [[publyk]] op meinimme nei û.m. de grutte [[moadeshow]]s fan [[Parys]] en [[Milaan]].
 
Under it haadredakteurskip fan De Jong kamen der ek [[artikel (publikaasje)|artikels]] yn ''Glamour'' te stean dy't ynhâldliker wiene as oant doe ta gewoan wie. Neffens de Jong is it blêd in wichtige ''influencer'', mei in miening dy't in soad gewicht yn 'e skaal lizze kin. Sadwaande kaam der in [[tema]]-[[edysje]] oer [[feminisme]], wêrfan't 20% mear ferkocht waard as fan oare nûmers. De Jong sels skode oan by [[presintator]] [[Umberto Tan]] yn it [[praatprogramma]] ''RTL Late Night'', om it te hawwen oer de [[salarisferskillen tusken manlju en froulju]]. Fierders makket ''Glamour'' mei opsetsin gebrûk fan modellen mei in normaal postuer ynstee fan 'e barnhoutmeagere [[mannekên]]s dy't men meastal yn 'e [[haute couture]] sjocht.