Prusen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 58:
Freark Willem II slute nei de [[Frânske Revolúsje]] yn [[1791] in ferbûn mei Eastenryk tsjin it revolúsjonêre Frankryk. Yn de [[Earste Koälysjekriich]] (1792-1797) focht it tsjin Frankryk mar yn [[1795]] waard de [[Frede fan Basel]] tusken Prusen en Frankryk sletten. Prusen erkende de Frânske anneksaasjes fan Prusyske gebieten bewesten de [[Ryn]], mar Prusen krige folle mear ynfloed yn [[Noard-Dútslân]] en hie de hannen frij yn it easten, dêr't Prusen it grutste part fan Poalen krige by de Tredde Dieling.<br/>
Willem Freark II syn soan [[Freark Willem III fan Prusen|Freark Willem III]] (1797-1840) folge him op. Yn de [[Reichsdeputationshauptschluss]] fan 25 ferewarisfebrewaris 1803, dat wie it lêste beslút fan it Hillige Roomske Ryk dat himsels ophefte yn [[1806]], waarden ûnder oare de belangen fan Brandenburch-Prusen regele. Foar it ferlies fan de gebieten bewesten de Ryn krige de kening stikmannich gebieten yn it noarden en midden fan Dútslân, wêrûnder parten fan it [[bisdom Münster]] mei de stêd [[Münster]].
Nei de [[Slach by Austerlitz]] (1805), dêr't [[Napoleon]] Eastenryk en Ruslân fersloech, twong hy Prusen in bûnsgenoatskip, mar Freark Willem slute justjes letter efter Napoleon om in ferbûn mei Ruslân. Napoleon andere hjirop mei in Frânske ynfal yn Prusen en fersloech it Prusyske leger yn de [[Slach by Jena en Auerstedt]] (1806). Napoleon luts op 27 oktober 1806 de Prusyske haadstêd Berlyn yn. De kening en it hôf flechten nei East-Prusen. Nei noch twa ferlearen fjildslaggen (1807) by Eylau en Friedland yn East-Prusen, moast Freark Willem op 9 july 1807 de [[Frede fan Tilsit]] slute. Op oantrunen fan de Russyske tsaar [[Aleksander I fan Ruslân|Aleksander I]] bleau Prusen bestean, mar ferlear de helte fan syn grûngebiet. De gebieten dy't it krigen hie by de Twadde en Tredde Poalske Dieling moast it ôfstean oan it [[Hartochdom Warsjau]] en East-Fryslân gie nei it [[Keninkryk Hollân]]. Boppedat moast boppedat himsels oan it [[kontinintaal stelsel]] hâlde en it leger moast ynkrimpe.
Freark Willem moast ûnder twang fan Frankryk herfoarmings trochfiere, de saneamde [[Prusyske Herfoarmings]]. De oanstelde minister [[Heinrich Friedrich Karl vom und zum Stein]] skafte it liifeigenskip ôf (1807) en joech stêden en gemeenten selsbestjoer (1807) en stalde in kabinet fan 5 ministers gear (1808). Syn wurk waard fuortset troch [[Karl August von Hardenberg]] dy yn [[1812]] in begjin makke mei de lykstelling fan de [[Joaden]]. Yn 1810 waard de Universiteit fan Berlyn, hjoed-de-dei de [[Humboldt Universiteit]], waard stifte op inysjatyf fan steatsman [[Wilhelm von Humboldt]]. Nei't Napoleon syn mislearre fjildtocht tsjin Ruslân en it opkommende nasjonalisme troch de Frânske oanwêzigens en herfoarmings, wist Prusen tegearre mei de Alliëarden tsjin Frankryk te fjochtsjen en it Prusysk leger mei 200.000 manlju ûnder [[Gebhard Leberecht von Blücher]] holpen mei en ferslaan Napoleon yn de [[Slach by Waterloo]] (1815).
Rigel 68:
====Liberalisme en Maartrevolúsje====
Freark Willem III syn soan [[Freark Willem IV fan Prusen|Freark Willem IV]] (1840-1861) folge him op. Hy keas in wat liberaal paad, dochs gie rillegau wer oer op it [[konservatisme]]. Hy liet mear frijheid fan de parse ta, liet ferskate liberale tinkers frij en stalde in lânlike folksfertsjinwurding gear. Dizze ''Feriene Lândei'' hie lykwols mar in beheind foech en de kening hie yn syn iepeningstaspraak al dúdlik sein dat er gjin konstúsjoneel systeem lije mocht.
Dat, en in minne rispinge yn benammen Boppe-Sileezje, late nei de [[Febrewarisrevolúsje (1848)|Febrewarisrevolúsje]] yn [[Parys]] ta yn maart 1848 yn gâns D�útslânDútslân ta de liberale Maartrevolúsje. De kening like earst wol ta te jaan en sei ferskate liberale maatregels ta. Hy stalde in parlemint gear, dy't it foech hie in grûnwet gear te stallen en te wizigjen en op 29 maart beneamde er in liberaal regear. Nettsjinsteande dit barren luts hy de herfoarmings in pear moanne letter wer yn. Op 2 novimber stelde hy minister-presidint [[Friedrich Wilhelm von Brandenburg]] oan, dy't tsjin de revolúsje wie. Op 5 desimber waard in wet oannaam, dat de macht fan de kening fergrutte, it parlemint ltser makke en it [[trijeklasserjocht]] dat yn it plak kaam fan de algemiene kieswet.<br/>
Yn de Dútske polityk (de Dútske Bûn wie yn 1848 bûten wurking steld) stipe Freark Willem IV earst de besluten fan it liberale [[Frankfurter Parlemint]], bygelyks yn de {{Sleeswyk-Holsteinske fraach]] en stjoer troepen nei Sleeswyk en Holstein. Hy sluet lykwols op 26 augustus 1848 sûnder it parlemint witte te litten in wapenskoft. Doe't it Frankfurter Parlemint him yn [[1849]] de Dútske keizerskroan oanbea, sei er dat hy de kroan net fan in folksfertsjinwurdiging, mar allinnich út hannen fan oare Dútske foarsten. Dat betsjutte in grutte klap foar de liberalen.
Freark Willem besocht dêrnei mei it útstel fan syn minister [[Joseph von Radowitz]] en meitsje de [[Lyts-Dútske rjochting|lyts-Dútske]] oplossing wier: in feriene Dútslân ûnder Prusyske lieding, sûnder Eastenryk. Hy sluet op 26 maaie 1849 it trijekeningsferbûn mei Saksen en Hannover, dêr't de measte lytse Dútske steaten oanslueten. Doe't Eastenryk, dat earst syn hannen fol hie oan de revolúsje yn [[Hongarije]], koe him yn 1849 wer mei Dútske saken dwaande hâlde, wie it lykwols gau dien mei de Prusyske plannen. Yn maart 1850 kaam it [[Erfurter Parlemint]] byïnoar en meitsje in grûnwet foar de nije uny. It waard boykotten troch de keninkriken Saksen en Hannover, dy no foar Eastenryk wiene, en de liberalen fanwegen it ûntbrekken fan it demokratyske gehalte. Op 16 maaie 1850 kaam de Dútske Bûn wer byïnoar en yn it [[Ferdrach fan Olmütz]] moast Prusen belies jaan oan syn ferieningsplannen en lit de Dútske Bûn wer yn wurking stelle. Dêrnei rekke Prusen yn in konservative tiid. Under it regear fan minister-presidint [[Otto Theodor von Manteuffel]] krige de lânadelen de konservative [[Junkers]] in soad ynfloed.
 
====De Noard-Dútske Bûn en oanrin nei de Dútske weriening====
Nettsjinsteande it weromkringen fan it liberalisme kaam de yndustrialisaasje gooed op gong. Spoarwegen, post en tillegrafy woeksen tige hurd en wegen en kanalen waarden oanlein, bygelyks it [[Elbing-Osterodekanaal]]. Yn stienkoalgebieten, lykas [[Sileezje]], it [[Ruhrgebiet|Roergebiet]] en it [[Saarlân|Saargebiet]] kamen nije minen. Mei de waaksende oanfier fan stienkoal wie de allyk waaksende izer- en stielyndustry mooglik. Sadwaande ûntjoegen dizze gebieten ta wichtige yndustriële sintra. Bygelyks yn it Roergebiet ûntstiene de grutte bediuwen fan [[Famylje Krupp|Krupp]] en [[ThyssenKrupp AG|Thyssen]].<br/>
Under kening [[Willem I fan Dútslân|Willem I]] (1861-1888), dy't syn broer Freark Willem IV opfolge, begûn der wer in mear liberale perioade. Hy joech yn [[1858]] it konservative regear-Manteuffel dien en mei it nije liberale regear fan [[Karel Anton von Hohenzollern-Sigmaringen]] kaam in "nij tiidperk". Yn dizze perioade waard de frijheid fan de parse en feriening fergrutte en krigen de liberalen in mearderheid yn de lândei. Dochs feroare it wer nei in skeel oer in legerwet tusken liberalen en konservativen dêr't hja it net iens wurde koene, en Willem joech it regear-Hohenzollern dien en beneamde op 23 septimber 1862 de konservatyf [[Otto von Bismarck]]. Hy slagge deryn 4 jier lang sûnder parlemint te regearen en it konflikt einige yn it foardiel fan de kroan.
 
== Sjoch ek ==