Schellach: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 1 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q2805155
No edit summary
Rigel 1:
'''Skellach''' is een [[buorskip]] yn de gemeente [[Middelburch (gemeente)|Middelburch]] yn de Nederlânske provinsje [[Seelân]].
 
Eartiids wie Schellach in hearlikheid en in doarp mei in tsjerke, Schellach waard as parochy neamd yn it jier 1274. Yn it ramt fan it [[belis fan Middelburch]] yn 1572/'74 waard hast it hiele doarp ferneatige. De direkte omjouwing fan Schellach stiet op de Argeologyske Monumintekaart. In tal terreinen hat de status fan beskerme monumint fanwegen de argeologyske wearde. Under oaren in stik dat bekend is as de 'Fruitberg', mei spoaren fan in mooglike [[motte]] of ''vliedberg''. De hichte moat tusken 1690 en 1738 ôfgroeven wêze. 500 meter fierderop dêrfan leit it ferdwûne doarp. Op it terrein lizze der noch altyd de fûneminten fan in tsjerke en [[tsjerkhôf]] dat sa'n 1.30 meter boppe it [[meanfjild]] útstekt, in mûne en wat huzen. Fjouwerhûnderd meter súdlik fan Schellach binne spoaren fan in let-Midsiuwske fersterking. Oant 1966 hearde Schellach by de gemeente Vrouwenpolder. Yn de 20e iuw binne der pleatsen boud , dy' t no de buorskip foarmje. It iennichste wat der noch oer is fan de tsjerke, is in lytse ferheging yn'e buorskip. Tichteby de buorskip leit de tsiisbuorkerij Schellach .
 
{{stobbe-geografy}}