Jan Mankes: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
geit
L red [[]]
Rigel 2:
'''Jan Mankes''' ([[Meppel]], [[15 augustus]] [[1889]] - [[Eerbeek]], [[23 april]] [[1920]]) wie in [[Nederlân]]sk [[keunstskilder]].
 
Jan Mankes gie yn [[1902]] nei de [[Hegere Boargerskoalle|hbs]] yn [[Meppel]], mar makke dy net ôf doe't de húshâlding yn [[1903]] nei [[Delft]] ferhuze. Yn dy perioade wurke hy as learling fan glêsskilder J.L. Schouten en folgde hyer in jûnsoplieding oan de [[Keninklike Akademy fan Byldzjende Keunsten|Akademy foar Byldzjende Keunsten]] yn [[De Haach]]. Hy begûn mei it skilderjen fan fûgels en nêsten yn de tunen fan De Haach en omkriten. Fan [[1909]] oant [[1915]] wenne Mankes mei syn âlden yn [[De Knipe|Boppeknipe]]. Dêr ûntstie hy syn leafde foar de natoer en makket er in protte fan syn bêste wurken.
 
Yn 1913 kaam er yn de kunde mei [[Anne Zernike]], in teologe en de earste frouljus-[[predikant]] fan Nederlân. Hy boaske yn 1915 mei har, wêrnei't sy in skoftke yn De Haach wennen. Yn 1916 ferhuzen se nei [[Eerbeek]] yn [[Gelderlân]] omdat se tochten dat dy boskige omjouwing goed wêze soe foar Mankes, dy't wylens [[tuberkuloaze]] skipe hie. Yn dy perioade wenne hyer ek inkele moannen yn [[Nunspeet]]. Yn 1918 waard harren soan Beint berne, neamd nei Jan syn heit. Jan Mankes wie slim siik emen lei in soad op bêd; as it wat better gie wurke hyer oan ien tried wei. Yn 1920 ferstoar hyer oan syn sykte, doe't hyer 30 jier âld wie. Hy waard begroeven yn Eerbeek.
 
== Wurk ==
Jan Mankes liet in [[oeuvre]] nei fan sa'n 150, benammen lytse skilderijen, ûngefear 100 tekeningen en sa'n 50 printen. Yn mear as de helte fan syn wurk is de natoer it wichtichste ûnderwerp. Dêrneist makke hyer selsportretten, portretten (benammen fan syn heit, syn mem en syn frou), [[stillibben]]s, lânskippen en ynterieurs. Jan Mankes eksposearre al in soad by syn libben en waard tige wurdearre.
 
Yn it begjin skilderetskildere Mankes benamenbenammen donkerkleurige fûgels en letter ek in protte ljochtljochte, benammenfoaral wite bisten. De keunstsamler Pauwels wie syn mesenas en stjoerde him neist materialen ek faak bysûndere fûgels dy't er skilderje koe.
 
Syn wurk wurdt skaaimerke troch benammen in bepaalde stilte. Yn 1923 neamt [[Richard Roland Holst]] Mankes ''Hollands meast ferstilde skilder''. Dy stilte ûntstiet troch lykwichtige komposysjes en ynbannich kleurgebrûk en in hast net sichtbere pinsielstreekpinseelstreek.
 
Syn wurk waard û.o. tentoansteld yn it [[Scheringa Museum foar Realisme]] en no yn it [[Museum foar Moderne Keunst Arnhim]] en [[Museum Belvedêre]].