Styfmem Ierde: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Rigel 37:
 
Yn dy snuorje feroaret sawol it buorkjen as de maatskippij yn it algemien: der wurde masines útfûn en fabriken boud en de earste steamtrein komt yn Fryslân. Tsjalling kin it boerebedriuw net bolwurkje en beslút om Wiarda-state te ferkeapjen oan syn sweager Wibe. Sels ferfart nei [[de Wâlden]], dêr't er as arbeider yn 'e tsjinst komt fan Herre Wynses de Jager. Sa kriget er kunde oan dy syn dochter Reinou, mei wa't er letter trout. Hja krije twa soannen, Herre en Rudmer. Wylst Rudmer goed leare kin, is Herre sljocht mei sinten. Al jong wit er kaptalen te fertsjinjen troch syn jild tsjin rinte út te lienen.
[[Ofbyld:Theun de Vries krijgt de Henriette Roland Holst Prijs 1984 voor zijn boek Kette, Bestanddeelnr 933-2073.jpg|left|thumb|180px|Theun de Vries.]]
 
As Jarich út it tichthús komt, bliuwt er yn [[Ljouwert]] omhingjen. Oanfitere troch sabeare freonen dy't op him om ponglúzje, bringt er syn oandiel yn 'e opbringst fan Wiarda-state der fierhinne troch. Ear't er alhiel ta reapsein is, pykt er lykwols út. Hy giet yn 'e hynstesport en fertsjinnet in slompe jild. Dan keapet er op in dei in stellen hynder en rint alles wer mis. Ferearmoede siket er beskûl yn in loazjemint foar swalkers, dêr't er de sosjalist Karel Zwets moetet, in oanhinger fan [[Ferdinand Domela Nieuwenhuis]]. Mei syn beiden ferhiere se harren as arbeiders oan feanboeren, dy't misbrûk meitsje fan harren sitewaasje troch har fiersten te min lean te jaan. Yn dyselde tiid trout Jarich mei Regina Zwanenburg; hja krije in soan, Ekke. Mar dan trappearret er syn frou mei Karel op bêd. Jarich akseptearret Karel syn ûntskuldigings, mar de freonskip is stikken. Einlings komt it ta in staking ûnder de feanarbeiders en by de ûnderdrukking dêrfan wurdt Karel oppakt. Neitiid ferhuzet Jarich mei syn gesin nei [[Snits]].