Hendrik Jan Popping: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
L red [[]]
Rigel 1:
'''Hendrik Jan Popping''' ([[Easterwâlde (Fryslân)|Easterwâlde]], [[23 april]] [[1885]] - dêre, [[10 augustus]] [[1950]]) wie in boekhanneler en boekeprinter en amateur-[[archeolooch]]. Popping wie in pionier op it mêd fan wittenskiplik argeologysk ûndersyk fan Súdeast-Fryslân.
 
==Libben==
Hy folge syn heit [[Jan Hendriks Popping]] yn de saak op en joech ek it wykblêd ''De Ooststellingwerver'' út. Popping hie krekt salykas as syn heit in soad niget oan skiednis, benammen dy fan de [[prehistoarje]].
 
Om [[1925]] hinne fûn er spear- en pylkpunten en skrabers út de [[stientiid]] by [[Makkingea]] en [[Donkerbroek]]. Hy neamde dat de [[Tsjongerkultuer]].
Hy publisearre in protte artikels en ferwurke syn ideeën, dy't hoe langer hoe mear de kant fan it 'nij heidenske' en it [[nasjonaal-sosjalisme]] útskaaiden, yn jongesboeken en romans[[roman]]s. Hy wie sûnt septimber 1933 lid fan de [[Nasjonaal-Sosjalistyske Beweging|NSB]] en letter ek lid fan de ''[[Germaansche SS in Nederland]]''.
 
Yn febrewaris 1948 wurdt Popping troch it ''Bijzonder Gerechtshof'' feroardiele ta 9 jier ''Rijkswerkinrichting met aftrek, ontzetting uit de kiesrechten en het uitgeversbedrijf voor het leven'', foar kollaboraasje mei de Dútske besetter.<ref>[[Ljouwerter Krante]], 11 febrewaris 1948.</ref> Yn juny 1950 komt er werom út [[Kamp Vught]] en seis wike letter komt er te ferstjerren.<ref>[http://www.stellingwarfs.nl/index.php?pagina=kenniscentrum Kenniscentrum Stellingwarfs]</ref>
 
Foar de roman ''Frijdom wie de heechste wet'' (Fryske ferzje fan ''Markward Portenga''), útbrocht ûnder de [[skûlnamme]] Friso Stellingwerf, waard in priis fan de [[Kristlik Fryske Folksbibleteek]] (KFFB) útjûn yn 1956. Doe't [[Freark Dam]] úntfâldeûntfâlde dat Popping de skriuwer wie, joech dat in soad opskuor yn de parse út reden fan Popping syn oarlochsferline.<ref>It artikel fan Freark Dam, “‘Naer ’s lands wijze verduytscht’ of it Geheim fan Friso Stellingwerf”, [[De Tsjerne (blêd)|De Tsjerne]], 1956, s. 234-239.</ref>
 
De [[Stellingwarver Schrieversronte|Stichting Stellingwarver Schrieversronte]] hat Popping syn argyf en bibleteek op'e noed sûnt oktober 2009.<ref>[http://www.stellingwerf.nl/index.php?n_id=118386&s_id=587] www. Stellingwerf.nl</ref>
Rigel 18:
* ''Praehistorie in een veengebied'' (1935)
* ''Stellingwerf'' (1940)
* ''Markward Portenga'' ([[roman]], yn't [[Frysk]]) (1942)
* ''Frijdom wie de heechste wet'' (1956) - Fryske ferzje fan ''Markward Portenga''
* ''Onze voorhistorie'' (1952)