Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 213:
 
== Wat foar jo? ==
 
Goeie, Romke. Ik haw hjoed wat foto's makke yn Frjentsjer, en ik kaam by de âlde grifformearde tsjerke lâns, dat doe haw ik dêr ek mar ien fan nommen. Hy stiet no op Commons, sjoch: [[:File:Grifformearde tsjerke, Frjentsjer.jpg]]. Ik kin der net sa fan swetse, mar goed, se binne dêr de boel oan it ferbouwen, dat dan witte jo it wol. Ik bin sels foarearst net fan doel om der wat mei te dwaan, mar jo binne nochal fan 'e tsjerken, dat miskien dat jo it aardich fine om der in stikje oer te skriuwen. Hoecht hielendal net, hear, as jo it net wolle. Mar ik tink, ik wiis jo der even op dat der in foto beskikber is. [[Meidogger:Ieneach fan 'e Esk|Ieneach fan 'e Esk]] ([[Meidogger oerlis:Ieneach fan 'e Esk|oerlis]]) 12 jul 2018, 23.40 (CEST)
:Ik gean der meikoarten wol efkes mei oan de slach. De tsjerke wie oarspronklik wol in moai gebou, mar dat portaal dat der letter foar set is liket nearne op. En de nije eigner hat ik gebou der ek net moaier op makke. Betanke yn alle gefallen foar it meitsjen fan de foto.--[[Meidogger:RomkeHoekstra|RomkeHoekstra]] ([[Meidogger oerlis:RomkeHoekstra|oerlis]]) 15 jul 2018, 12.24 (CEST)