Ferskil tusken ferzjes fan "Haskerhoarne"

gjin bewurkingsgearfetting
'''Haskerhoarne''' ( ek wol '' De Hoarne'' ) is in doarp yn de gemeente [[Skarsterlân]], súdeast fan [[De Jouwer]]. Oant de [[gemeentlike weryndieling]] op 1 jannewaris 1984 hearde Haskerhoarne by de gemeente [[Haskerlân]]. It doarp hat likernôch 490 ynwenners (2004).
 
De namme soe ferwize nei nei de hoeke=, dat is 'horne'/'herne', fan [[Haskerlân]] It doarp lei yn de [[Midsiuwen]] ek yn de [[gritenij]] [[Hasker Fiifgea]]. De gritenij Hasker Fiifgea ûntstie yn de [[15e iuw]] as in gearwurkingsferbân tusken de fiif tsjerkedoarpen [[Aldehaske]], Haskerhoarne, [[Nijehaske]], [[Westermar]] en [[Sniksweach]].
 
Eartiids waard hjir ek turf stutsen yn de omkriter. Troch it doarp ried eartiids de tram fan It Hearrenfean nei De Jouwer. Der binne gjin winkels mear yn it doarp,; minsken geane meast te boadskipjen nei it tichtby lizzende [[De Jouwer]].
 
Yn [[1897]] waard yn it doarp in koöperative [[molkfabryk]] stifte. Dy waard yn de jieren santich sluten. Sûnt dy tiid is der net folle wurk, mar wol mear rêst yn it doarp komd, benammen ek troch it kearen fan slûpferkear troch it doarp. By de Wyldehoarnster Singel is in [[einekoai]].
81.914

bewurkings