Germaanje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
→‎Romeinsk Germaanje: pear lytse oanpassings
Jelle (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
Rigel 1:
[[Ofbyld:Imperium Romanum Germania.png|thumb|right|250px|Germaanje yn de âldheid]]
'''Germaanje''', (Latyns: Germania) wie it gebiet oan de oare side fan de [[Ryn]] en de [[Donau]] dêr't de [[Germanen|Germaanske]] stammen wennen. De namme komt fan de [[Romeinen]] út de tiid dat sy foar it earst militêr en polityk yn kontakt kamen mei de ynwenners. Tusken [[12 f. Kr.]] en [[16|16 n. Kr.]] makke it diel út fan it Romeinske Ryk as de provinsje ''Germania Transrhenanum'', Germaanje oer de Ryn.
 
==Earste kontakten mei de Romeinen==
Line 5 ⟶ 6:
 
==Romeinsk Germaanje==
Om de grinzen fan it ryk better te ferdigenjen waard ûnder keizer [[Augustus (keizer)|Augustus]] in begjin makke mei de oermastering fan it gebiet op de rjochter igge fan de Ryn. Troch [[Klaudius Drusus]] waard it gebiet oant de [[Elbe]] yn besit nommen as buffer tusken de Germanen en [[Galje]].
 
As Drusus yn [[9 f. Kr.]] komt te stjerren, nimt [[Tiberius Klaudius Nero|Tibearius]] syn wurk oer en wurdt der besocht om Germaanje om te foarmjen ta in Romeinske provinsje. De pasifikaasje fan it gebiet ferrint lykwols fan begjin ôf oan muoisum. De Germanen wienen in oarlochssuchtich folk en it Germaanske gebiet wie yn dy tiid noch frijwat ûnherberchsum mei in protte wâlden en sompen. Doe't yn [[9|9. n. Kr.]] in grut part fan de Germaanske stammen yn ôpstan kaam ûnder lieding fan [[Herman]] en de Romeinske legioenen yn it [[Teutoburgerwâld]] ferneatigjend ferslein waarden yn de [[Farusslach]], waard it leger útwreide ta acht legioenen.
 
Under keizer [[Tibearius]] yn [[16]] kaam der in ein oan de pasifikaasje fan it gebiet troch de Romeinen en waard de polityk fan it meitsjen fan in buffersône loslitten. Wylst mar inkele troepen yn Germaanje efterbleaunen, waard it grutste part fan it Romeinske leger weromlutsen efter de [[Ryn]], de nije grins om Galje te beskermjen.