Adam Smith: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
red. nei oerlis
 
Rigel 1:
[[Ofbyld:AdamSmith.jpg|thumb|''Adam Smith'']]
'''Adam Smith''' ([[Kirkcaldy]], ± [[5 juny]] [[1723]] - [[Edinboarch]], [[17 july]] [[1790]]) wie in [[Skotlân|Skotske]] [[Etyk|moraalfilosoof]] en in pionier op it mêd fan de [[politike ekonomy]]. Adam Smith wie ien fan de wichtichste figueren fan de [[Skotske Ferljochting]]. Hy is de auteur fan ''[[The Theory of Moral Sentiments]]'' en ''[[The Wealth of Nations|An Inquiry into the Nature and Causes of the Wealth of Nations]]''. Dat lêste wurk, meastentiids ôfkoarte as ''The Wealth of Nations'', wurdt beskôge as syn ''[[magnum opus]]'', it earste moderne wurk yn de [[ekonomy]] en de grûnslach fan it [[kapitalisme]].
 
Smith wurdt beskôge as de heit fan de moderne ekonomy en as ien fan de grûnlizzers fan it klassike [[liberalisme]]. Hy fûn dat it neistribjen fan it eigen yndividuele belang ek yn it grutste [[Maatskippij (sosjology)|maatskiplik]] belang resultearje soe. In [[frije merk]] soe it measte opleverje foar de maatskippij as gehiel. De 'ûnsichtbere hân' fan dizze frije merk soe soargje foar harmonij en lykwicht.