Hessel fan Martena: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
 
Rigel 5:
Hessel fan Martena waard berne yn in ferneamd Frysk laach út [[Koarnjum]] dat de [[states en stinzen|state]] Ter Horne bewenne yn [[Bitgum]]. Syn âlden wienen [[Syttie Martena]] en [[Jel Epedr. Harinxma thoe IJlst]]. Hy troude my de rike [[Both fan Hottinga]], waans famylje in protte te sizzen hie yn [[Frjentsjer]]. Ut dit houwelik waarden fjouwer dochters berne, Jel, Luts, Cunera/Cnier en Foockel.
 
Yn Hessel fan Martens tiid, de tiid fan de [[Fryske Frijheid]] hienen de rike famyljes, de saneamde [[haadling]]en it yn de Fryske lannen foar it sizzen en regelen bestjoer en rjochtspraak. By gebrek fan in sintrale machthawwer ûntstienen lykwols ek hieltyd wapene konflikten ûnderinoar omdat eltse haadling besocht om de eigen macht út te wreidzjen op kosten fan de buorman-haadling. Foar it sljochtsjen fan skelen bestiene ynearsten strange regels, mar op de ein fan de [[15e iuw]] ferhurde de wize fan striden en naam it brûken fan geweld bûtenproporsjoneel ta. Ek Hessel hie hjir mei te krijen. Syn state te [[Bitgum]] waard platbaarnd en hy moast syn taflecht sykje yn [[Frjentsjer]], dêr't er yn [[1498]] it [[Martenahûs (Frjentsjer)|Martenahûs]] sette liet.
 
Mei in oantal [[Skieringers|Skieringske]] haadlingen hat Hessel socht nei wizen om de frede werom te krijen. Neffens harren bestie der mar ien oplossing, der moast in sintraal gesach komme yn Fryslân en [[Albrecht fan Saksen]] wie hjirfoar de geskikte kandidaat. Sy sochten kontakt mei him en yn [[1498]] waard Albrecht by it [[Ferdrach fan Snits]] offisjeel erkend as Hear fan [[Westergoa]], [[Eastergoa]] en de [[Sânwâlden]].