Mûnein: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
→‎Flaaksfabryk: foto tafoege
Plaatsje, mei tank oan Lotje
Rigel 25:
 
== Siameeske twilling ==
[[File:Siamese tweeling Folkje en Tjitske de Vries succesvol door operatie gescheiden, Bestanddeelnr 906-5295.jpg|thumb|175px|left|Folkje (l) en Tjitske nei de operaasje, 18 juny 1954]]
Mûnein rekke yn 1953 bekend troch de berte fan de [[siameeske twilling]] Folkje en Tjitske de Vries, berne op 8 novimber 1953. Doarpsdokter Wijthoff fan Frisiastaete kaam by frou de Vries dy't har sânde bern krije soe die bliken dat de poppen mei de búk oan elkoar fêst sieten. Se waarden yn in taksy nei it [[Diakonessehûs (Ljouwert)|Diakonessehûs]] yn [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]] riden. De poppen groeie goed en blike eigen herten, longen en oare fitale organen te hawwen. Se wienen wat lichemsfunksjes oanbelanget net ôfhinklik fan elkoar. Der waard oerlein mei in Ingelske dokter dy't ûnderfining hie mei in siameeske twilling. Sân moanne nei de berte, op sneon [[12 juny]] [[1954]] wurdt de twilling mei súkses operatyf fan elkoar skieden. Se wienen de earste [[siameeske twilling]] wêrmei't dat yn [[Fryslân]] en [[Nederlân]] barde.
It berjocht gie de hiele wrâld oer. De sikehúspredikant dy't oan it bêd kaam wie de heit fan lettere skriuwer [[Geert Mak]]. Tjitske en Folkje wurde noch lang folge troch de parse mar der wurdt besletten om mar ien kear yn it jier in foto meitsje te litten.